Sokotramosk
| Sokotramosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Passer insularis | ||||||||||||
| Sclater, PL & Hartlaub, 1881 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Sokotramosk (Passer insularis) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sokrotamosk hat in streke rêch mei in grize krún, nekke en stút. Mantsjes ha in swart boarstplak en binne oer it generaal helderder fan kleur mei mear readbrún op 'e kop en de skouders. De rop is in fleurich tsjirpen, faak yn in stadige rige. De soarte liket op 'e Abd-al-Kurimosk (Passer hemileucus), mar ferskilt yn ferspriedingsgebiet.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt op it Jemenityske eilân Sokotra foar de kust fan Somaalje oantroffen. Meastentiids wurdt er as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is. Guon nimme lykwols de Abd-al-Kurimosk as ûndersoarte op.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje is stabyl. Der binne gjin bedrigingen bekend en op basis fan dy kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN ) de soarte as net bedrige (Least Concern). De fûgel it talryk op Socotra, mei in rûsde wrâldpopulaasje fan in fearn miljoen fûgels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
