Springe nei ynhâld

Sohn Kee-chung

Ut Wikipedy
Sohn Kee-chung
sporter
Sohn Kee-chung (1936)
Sohn Kee-chung (1936)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSohn Kee-chung
nasjonaliteit Súdkoreaansk
bertedatum29 augustus 1912
berteplakSinuiju
stjerdatum15 novimber 2002
stjerplakSeoel
sportive ynformaasje
sportAtletyk
ûnderdielMaraton
O.S.Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1936

Sohn Kee-chung (Sinuiju, 29 augustus 1912 - Seoel, 15 novimber 2002) wie in Koreaansk atleet, wie in Koreaansk atleet.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerspullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, op de maraton yn in Olympysk rekôr fan 2:29:19.2.

Syn ynskriuwing foar dat nûmer wie útsûnderlik. Net allinne om't er as Japansk fertsjintwurdiger ûnder de namme Son Kitei ynskreaun wie, mar foaral fanwegen syn jonge jierren. De hearskjende opfetting yn dy tiid wie nammentlik, dat jongere atleten mear geskikt wiene foar de eksplosive nûmers en se mear úthâldingsfermogen krigen as se âlder waarden. Dat Kee-chung foar Japan útkaam, kaam om't Japan yn de earste helte fan de 20e Koreä 35 jier lang besette. Nei de Olympyske Spullen waard Kee-chung foarsitter en trainer fan de Koreaanske Sport Assosjaasje.

Sohn Kee-chung ferstoar op 15 novimber 2002 yn 'e âldens fan 90 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    • Wikipedy:EN