Sofiakatedraal (Tobolsk)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sofia-Uspensky Katedraal

Софийско-Успенский кафедральный собор

Sofiysko uspenskiy sobor 2.JPG
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
Distrikt Distrikt Oeral
oblast Flag of Tyumen Oblast.svg Tjûmen
plak Tobflag.gif Tobolsk
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
oare ynformaasje
webside www.tobolsk-eparhia.ru

De Sofia-Uspenksy katedraal (Russysk: Софи́йско-Успе́нский кафедра́льный собо́р) is in otterdokske katedraal yn de Russyske stêd Tobolsk. It is ien fan de âldste katedralen fan Sibearje en it leit yn it kremlyn fan Tobolsk, it iennige stiennen kremlyn fan it Oeral-geberchte.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste stien foar de hjoeddeiske katedraal waard yn 1681 lein, nei't in âldere oan de Hillige Wiisheid wijde houten katedraal ôfbaarnde. De echte bou begûn lykwols net earder as yn 1683, doe't in ploech mitselders oanreizge. De Moskouse Katedraal fan Marije-Himelfeart stie model foar de nijbou, dy't yn 1686 foltôge waard. Doe't de tsjerke hast klear wie stoarte yn 1684 de wichtichste koepel fan de katedraal yn. Op 27 oktober 1686 waard de tsjerke konsekrearre ta eare fan de Himelfeart fan Marije.

De 75 meter hege klokketoer waard yn de jierren 1794-1797 boud nei't de foargonger ynstoarten wie. It is it heechste bouwurk fan de stêd.

Tradisjoneel wie de katedraal de grêftsjerke fan de biskoppen fan Tobolsk en Sibearje.

Ynterieur

De bolsjewiken lieten yn 1930 foar "it ferlet fan it proletariaat" alle tsjerken fan Tobolsk slúte, nei't de steat earder al yn 1922 alle weardefolle objekten fan de tsjerke konfiskearre hie. De organisaasje "Ienheid en Bôle" makke yn de jierren 1930 gebrûk fan de eardere katedraal, dy't oant it begjin fan de Twadde Wrâldkriich de funksje fan nôtskuorre krige. Nei de kriich bleau it gebou leech stean oant it yn 1961 oan it museum fan Tobolsk oerdroegen waard. Yn de jierren 80 folge foar it earst in restauraasje. Sûnt 1988 brûkten it museum en it bisdom tegearre de tsjerke en yn 1993 waard de tsjerke wer folslein as katedraal fan it bisdom yn gebrûk nommen.[1]

De renêssânse fan de katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens it dekreet yn 1989 fan de Ried fan Religieuse Saken fan de Ministerried fan de Sovjet-Uny waard de katedraal werom jûn oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. Fuort nei de weromjefte waard útein set mei in restauraasje. It measte wurk wie yn 1994 dien en op 26 juny waard de katedraal konsekrearre troch de patriarch fan Moskou en hiel Ruslân, Aleksius II.

De tsjerke docht tsjinst as katedraal fan it bisdom Tobolsk en Tjûmen en is dêrnjonken ek de haadtsjerke fan it Otterdokske Teologyske Seminaarje fan Tobolsk. Yn 2010 starte in nije restauraasje, dy't yn 2012 einige. Op 22 juny 2014 fierde patriarch Kyrill hjir it feest fan Alderheljen fan Ruslân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]