Sofiakatedraal (Tobolsk)

Ut Wikipedy
Sofia-Uspenski Katedraal

Софийско-Успенский кафедральный собор

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Tjûmen
plak Tobolsk
koördinaten 58° 11' N 68° 15' E
Tsjerklike gegevens
eparchy Tobolsk-Tjûmen
Arsjitektuer
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 721420105150006
Webside
www.tobolsk-eparhia.ru
Kaart
Sofiakatedraal (Ruslân)
Sofiakatedraal

De Sofia-Uspenksi katedraal (Russysk: Софи́йско-Успе́нский кафедра́льный собо́р) is in otterdokse katedraal yn 'e Russyske stêd Tobolsk. It is ien fan 'e âldste katedralen fan Sibearje en it leit yn it kremlyn fan Tobolsk, it iennige stiennen kremlyn fan it Oeral-berchtme.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste stien foar de hjoeddeiske katedraal waard yn 1681 lein, nei't in âldere oan 'e Hillige Wiisheid wijde houten katedraal ôfbaarnde. De echte bou begûn lykwols net earder as yn 1683, doe't in ploech mitselders oanreizge. De Moskouse Himelfeartkatedraal stie model foar de nijbou, dy't yn 1686 foltôge waard. Doe't de tsjerke hast klear wie stoarte yn 1684 de wichtichste koepel fan de katedraal yn. Op 27 oktober 1686 waard de tsjerke konsekrearre ta eare fan de Himelfeart fan Marije.

De 75 meter hege klokketoer waard yn de jierren 1794-1797 boud nei't de foargonger ynstoarten wie. It is it heechste bouwurk fan de stêd.

Tradisjoneel wie de katedraal de grêftsjerke fan 'e biskoppen fan Tobolsk en Sibearje.

Ynterieur

De bolsjewiken lieten yn 1930 foar "it ferlet fan it proletariaat" alle tsjerken fan Tobolsk slúte, nei't de steat earder al yn 1922 alle weardefolle objekten fan de tsjerke konfiskearre hie. De organisaasje "Ienheid en Bôle" makke yn 'e jierren 1930 gebrûk fan 'e eardere katedraal, dy't oant it begjin fan de Twadde Wrâldkriich de funksje fan nôtskuorre krige. Nei de kriich bleau it gebou leech stean oant it yn 1961 oan it museum fan Tobolsk oerdroegen waard. Yn 'e jierren 1980 folge foar it earst in restauraasje. Sûnt 1988 brûkten it museum en it bisdom tegearre de tsjerke en yn 1993 waard de tsjerke wer folslein as katedraal fan it bisdom yn gebrûk nommen.[1]

De renêssânse fan de katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens it dekreet yn 1989 fan 'e Ried fan Religieuze Saken fan 'e Ministerried fan 'e Sovjet-Uny waard de katedraal werom jûn oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke. Fuort nei de weromjefte waard útein set mei in restauraasje. It measte wurk wie yn 1994 dien en op 26 juny waard de katedraal konsekrearre troch de patriarch fan Moskou en hiel Ruslân, Aleksi II.

De tsjerke docht tsjinst as katedraal fan it bisdom Tobolsk en Tjûmen en is dêrnjonken ek de haadtsjerke fan it Otterdokske Teologyske Seminaarje fan Tobolsk. Yn 2010 starte in nije restauraasje, dy't yn 2012 einige. Op 22 juny 2014 fierde patriarch Kirill hjir it feest fan Alderheljen fan Ruslân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:ru:Софийский собор (Тобольск)]