Springe nei ynhâld

Sobibór (doarp)

Ut Wikipedy
Sobibór
Kapel yn Sobibór
Kapel yn Sobibór
Bestjoer
Lân Poalen
WoiwodskipLublin
PowiatWłodawski
GminaWłodawa
Sifers
Ynwennertal349 (2023)[1]
Hichte163 m
Oar
Postkoade22-200
Netnûmer+48 82
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Kaart
Sobibór (Poalen)
Sobibór
Lokaasje fan Sobibór yn Poalen

Sobibór is in doarp yn de Poalske woiwodskip Lublin. It plak heart ta de gemeente Włodawa en leit sa'n 80 km bewesten de haadstêd fan de regio, Lublin. Yn 2011 wennen dêr 491 minsken.

Kaart út 1932 fan Sobibór en it stasjon

Yn de Twadde Wrâldoarloch wiene yn de omkriten fan it doarp ferskate lytse nazi-wurkkampen, ek yn Sobibór sels[2]. Dy kampen waarden stichte foar slaven dy't de rin fan streamkes regulearje moasten. Under de Aksje Reinhard waard by it stasjon justjes besúdwesten it doarp, ferneatigingskamp Sobibór boud. In protte fan de twangarbeiders út de wurkkampen binne letter yn dat kamp fermoarde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Webstee Poalen yn Sifers.
  2. ↑ http://www.deathcamps.org/sobibor/labourcamps_nl.html