Springe nei ynhâld

Soartekompleks

Ut Wikipedy

In soartekompleks is yn 'e biology in groep nau besibbe organismen dy't sa opinoar lykje wat uterlik en oare skaaimerken oangiet, dat it ûndúdlik is wêr't de iene soarte ophâldt en de oare begjint. It komt faak foar dat de soarten yn sa'n soartekompleks maklik en op natuerlike wize (dus sûnder dat de minske him dermei bemuoit) krusings produsearje. Dat ferdizenet de ûnderlinge ferskillen noch mear.

Der binne ferskate termen dy't gauris as synonimen foar 'soartekompleks' brûkt wurde, mar dy't, as it derop oankomt, in justjes oare betsjutting hawwe. Mei de oantsjutting "kryptyske soarte" wurde twa of mear soarten bedoeld dy't ûnder ien soartenamme beflapt wurde. "Sustersoarte" is in term foar twa soarten (yn 'e fylogeny) of twa of mear soarten (yn 'e taksonomy), dy't inoars neiste sibben binne. By in "soartekeppel" giet it om in groep nau besibbe soarten dy't yn itselde habitat libje. As ynformele taksonomyske rangen binne soartegroep, soartekloft, makrosoarte en boppesoarte of supersoarte ek yn gebrûk.

Twa of mear taksons dy't ienris as presys deselde soarte beskôge waarden, kinne letter ûnderferdield wurde yn ynfraspesifike taksons, d.w.s. taksons binnen in soarte, lykas ûndersoarten, plantefariëteiten of baktearjestammen. Sa kin der binnen in soarte in komplekse opbou fan legere taksons ûntstean, mar dat makket it noch net ta in soartekompleks. Yn 'e measte (mar net alle) gefallen giet it by in soartekompleks om in monofyletyske groep fan soarten mei in mienskiplike foarâlder. In soartekompleks kin bgl. ûntstean as ferskillende soarten, nei harren ôfspjalten faninoar, oer in langere perioade troch evolúsje gjin morfologyske ferskillen ûntwikkelje.

Foarhinne wie it ûnmooglik om sokke soartekompleksen te ûnttiizjen, mar tsjintwurdich kin gebrûk makke wurde fan molekulêre biology en DNA-ûndersyk. Dêrút hat bliken dien dat troch it bestean fan tige opinoar lykjende mar dochs ferskillende soarten it wrâldwide bioferskaat lange tiid sterk ûnderskat is. It as sadanich weromkennen fan opinoar lykjende mar ferskillende soarten is wichtich foar de bestriding fan sykten en pleachdieren, en teffens foar wat de natoerbeskerming oangiet.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.