Springe nei ynhâld

Sniereager

Ut Wikipedy
Sniereager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaailytse reagers (Egretta)
soarte
Egretta thula
Molina, 1782
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel
     stânfûgel
     wintergast

De sniereager (Egretta thula) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). It is ien fan 'e soarten yn it skaai lytse reagers (Egretta).

De fûgel is hielendal sniewyt. Yn 'e briedtiid hat er lange, fine sierfearren op 'e rêch en de kop. Dy fiersearren sjogger der út as kant. De snaffel is folslein swart, útsein in stikje hûd by de basis fan 'e snaffel dat felgiel is. Syn lange poaten binne swart, mar de teannen hawwe in opfallende giele kleur. De iris fan 'e fûgel is meastentiids giel. De giele hûd tusken de eagen en de snaffel kin yn 'e briedtiid readeftich wurde en de giele teannen ferkleurje dan faak nei in oranje tint.

De fûgel waard yn it ferline faak mei de by ús bekende lytse wite reager as ien soarte behannele. Dochs binne der ferskillen:

Kenmerk Sniereager
(Egretta thula)
Lytse wite reager
(Egretta garzetta)
Kleur felgiel griis-blau / griis-grien
Sierfearren op 'e kop in boskje koarte, rûge fearren twa lange, tinne fearren
Efterkant poaten faak gielich / grienich meastentiids folslein swart
Bou krekt wat lytser en finer krekt wat grutter en steviger

Ferspriedingsgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sniereagers ha in grut ferspriedingsgebiet dat him oer it grutste part fan 'e Amearika's útwreidet. Yn Noard-Amearika briede se yn 'e Feriene Steaten (fral oan 'e kust en yn 'e súdlike steaten) en dielen fan Kanada. De noardlike populaasjes binne trekfûgels en fleane winterdeis nei it suden. Yn Sintraal-Amearika en de Kariben binne se it hiele jier te finen. De fûgel komt yn Súd-Amearika oant yn Sily en Argentynje foar.

De sniereager is net sinnich wat wetter oanbelanget en wurdt yn sawol swiet as sâlt wetter sjoen. Mangroves, sompen, marren, wiete greiden en iggen fan rivieren, esutaria of lytse puollen mei ûndjip wetter foarmje it habitat.

Sniereager.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

  • Egretta thula thula (de nominaatfoarm): komt foar yn it easten en suden fan Noard-Amearika, yn hiel Sintraal-Amearika en it grutste part fan Súd-Amearika. De nominaatform is de lytsere fan de twa ûndersoarten. Se hawwe yn ferhâlding koartere poaten.
  • Egretta thula brewsteri: komt foar yn it westen fan Noard-Amearika, fan 'e Rocky Mountains oant yn Neder-Kalifornje (Baja California) yn Meksiko. Se binne oer it generaal grutter en foarser as de thula-fariant. Fral de fûgels yn Neder-Kalifornje hawwe in tsjokkere en swierdere snaffel.

(Der binne lykwols wat strideraasjes oer de klassifikaasje. Guon wittenskippers hawwe yn it ferline noch in tredde ûndersoart útsteld, Egretta thula arileuca, foar de fûgels út it Grutte Dobbe (Great Basin) yn 'e Feriene Steaten, dy't tusken de oare twa yn sitte.)

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Piken.

Yn 'e briedtiid ferkleurje de giele teannen nei in readoranje tint en de fûgels krije tige sierlike pronkfearren op 'e rêch en it boarst. It mantsje nimt meastentiids it inisjatyf om it nêst te bouwen en beide meitsje se de bou ôf. It wyfke leit meastentiids 3 oant 6 ljochtgriene oant blauwe aaien. De aaien wurde troch beide skaaien yn 20 oant 25 dagen útbret. Nei likernôch 20 oant 25 dagen nei it útkommen fan 'e aaien begjinne de jonge fûgels út it nêst te klauterjen en nei sa'n 30 dagen kinne se yn 'e regel fleane. De fûgels briede yn koloanjes.

It iten bestiet foar it grutste part út fisk en foar de rest fral út skaaldieren.

Yn finzenskip wurde de fûgels 16 oant 20 jier. Yn it wyld wurde se minder âld en yn it earste jier stjert goed 70% fan 'e jongen troch min waar of brek oan fretten. Nei't se it earste jier oerlibbe ha sakket is stjertesifer.[1]

Sniereagers wienen oan 'e ein fan 'e 19e iuw yn grutte dielen fan it ferspriedingsgebiet hast útstoarn troch de slimme jacht op 'e fûgel fanwegen de fearren. Sûnt de ynfiering fan 'e Migratory Bird Treaty Act yn 1918 koe de populaasje him werstelle. Hjoed-de-dei foarmje fersmoarging, habitatferlies en festeuring troch minsken de grutste bedrigingen. De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2025) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: