Sniegrins

De sniegrins is in tinkbyldige hichteline dy't yn berchtmen de skieding oanjout tusken besnijde en sniefrije grûn: boppe de sniegrins leit snie, ûnder de sniegrins net. De sniegrins is net in statyske line, mar ferskoot mei de jiertiden. Yn it winterhealjier sakket de sniegrins nei in oansjenlik legere hichte, mar yn it simmerhealjier klimt er wer folle heger. Yn guon (legere) berchtmen ferdwynt de sniegrins by 't simmer alhiel as ek op 'e toppen de snie fuortteit. Yn berchtmen dy't it hiele jier rûn in sniegrins hawwe, wurdt de snie boppe de simmersniegrins oantsjut as ivige snie, om't it altyd lizzen bliuwt.
De sniegrins falt yn in protte gefallen min ofte mear gear mei de temperatuerline fan 0 °C. Boppe de sniegrins moat it frijwol it hiele etmiel trochgean mei friezen, oars soe de snie dêr ommers fuortteie. En oarsom moat it ûnder de sniegrins it meastepart fan 'e dei boppe nul wêze, oars soe dêr ek snie lizzen bliuwe. Mar temperatuer is net de iennichste faktor. It kin ek wêze dat der op in plak oanhâldend in protte wyn stiet, sadat de snie dêr fuortblaasd wurdt. Ek komt it foar dat der fanwegen in tige drûch klimaat mar in hiel lyts bytsje snie falt. Yn sokke gefallen kin de sniegrins heger lizze as de froastgrins.
Sjoen oer de hiele Ierde fariëarret de sniegrins mei de breedtegraad. Mei't it ommers yn 'e poalstreken folle kâlder is as yn 'e tropen, leit de sniegrins yn 'e poalstreken ek folle leger as yn 'e tropen. Yn grutte dielen fan Antarktika, Grienlân en de eilannen fan 'e Kanadeeske Arktyske Arsjipel, lykas Ellesmere, leit de sniegrins eins ûnder seenivo. Dat wol sizze dat dêr ek midden yn 'e simmer op seenivo noch snie leit. Om 'e evener hinne lizze berchtmen wêrfan't de toppen mear as 4.000 m heech rikke, en dy't dochs gjin ivige snie hawwe.
De hichte fan 'e sniegrins kin rûchwei berekkene wurde troch tapassing fan 'e stelregel dat de temperatuer foar eltse 100 m hichte nei boppen ta mei likernôch 1 graad Celsius ôfnimt. Dat betsjut dat as it op seenivo 20 °C is, de sniegrins (of alteast de froastgrins) op in hichte fan likernôch 2.000 m lizze moat.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
