Sniegier
| sniegier | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Gyps himalayensis | ||||||||||||
| Hume, 1869 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De sniegier (Gyps himalayensis) is in Aziatyske giersoarte út 'e famylje fan 'e haukfûgels yn it skift fan 'e rôffûgels. De fûgel libbet yn 'e bergen.
Uterlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De sniegier is in tige grutte gier en ien fan 'e grutste en swierste gieren yn 'e Himalaya, mei in lichemslingte fan 103–110 sm, in wjukspanne fan 260–290 sm en in gewicht fan acht oant tolve kg. Hy liket op 'e feale gier, mar is grutter, mei in krêftiger lichem en in wat langere sturt. In goed skaaimerk is dat de wjukdekfearren en it lichem bleek bêzje fan kleur binne en dúdlik kontrastearje mei de donkere slachpinnen en sturt. Fierder binne de lichemsfearren mar licht streke. De poaten en skonken binne rôze-eftich en de keale hûd by de snaffel is bleekblau ynstee fan donkerblau.
De jonge fûgel hat bêzjewite streken op 'e skouderfearren en wjukdekfearren, dy't kontrastearje mei de donkerbrune ûnderkant. Dit yn kombinaasje mei de ljochtstreke donkere boppekant ûnderskiedt him fan 'e muontsegier (Aegypius monachus), dy't oars fan 'e selde grutte is. Ek de jonge Bingaalske gier (Gyps bengalensis) liket derop, mar de sniegier is folle grutter en krêftiger mei bredere wjukken en in langere sturt en is mear streke op sawol de ûnder- as boppekant.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sniegier komt foar yn berchstreken tusken de 1.200 en 5.500 meter hichte, yn 'e Himalaya fan it noarden fan Pakistan en it noarden fan Yndia troch it suden fan Tibet en Nepal oant Bûtan en Sintraal-Sina, mar ek nei it noardeasten troch de Pamir oant Tiansjan en mooglik Tarbagataj en Altaj. Jonge fûgels ferspriede har ek nei it suden nei de flakten yn it noarden fan Yndia, yn Radjastan en Assam. Hy is ek waarnommen yn Tailân, Birma, Kambodja en Singapoer en fan 13 oant 16 oktober 2012 yn 'e Feriene Arabyske Emiraten. De soarte wurdt behannele as monotypysk, wat betsjut dat er net opdield wurdt yn ûndersoarten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De sniegier wurdt faak sjoen op rotspunten, dêr't syn meast brûkte sitplakken ferret wurde troch wite plakken fan 'e dong. Kloften folgje weidzjend fee op syk nei deade bisten. Hy yt allinnich ies, soms ek bedoarn fleis, en hy mijt de yngewanten dy't se oerlitte oan oare gieren. Op 'e Tibetaanske heechflakte bestiet it fretten foar 64% út deade domestisearre jaks (Bos mutus). Dêr't oare gieren foarkomme is er meastentiids dominant, mar ûnderhearrich oan 'e wolf, de snieloaihoars en de muontsegier. De sniegier is ek sjoen by it iten fan dinnenullen (Pinus roxburghii), in gedrach dat oant no ta noch net ferklearre is.
It briedseizoen fan 'e soarte begjint yn jannewaris. It nêst wurdt boud op in ûntagonklike rotsrâne, yn it noardeasten fan Yndia tusken 1.215 en 1.820 meter hichte, yn Tibet sa heech as 4.245 meter. Ferskate pearen kinne op 'e selde râne briede, trochstrings fiif oant sân pearen yn eltse koloanje. It nêst is relatyf lyts foar sa'n grutte fûgel en wurdt, ek al wurdt der by werbrûk oan ferboud, net sa massyf as by oare grutte rôffûgels. Op 'e Tibetaanske heechflakte is er briedend sjoen yn 'e buert fan 'e lammegier, wat opmerklik is om't er oars faak tige agressyf is tsjin oare giersoarten.
De sniegier leit ien inkeld wyt aai mei reade plakjes. Yn it noarden fan Yndia fynt dat tusken 25 desimber en 7 maart plak. Yn finzenskip is de briedtiid op 54-58 dagen fêststeld. De jonge fûgels bliuwe seis of sân moannen by de âlden.
Status en bedriging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sniegier wurdt bedrige troch it giftige medisyn diclofenac, dat yn it ies foarkomt fan fee. Ferskillende oare gieresoarten dy't earder algemien foarkamen binne dêrtroch sa slim troffen, dat se no as kritysk bedrige behannele wurde. Oant no ta is de sniegier lykwols net yn 'e selde mjitte troffen, mar it oantal briedende fûgels liket bygelyks yn Nepal ôf te nimmen. Ferskate lannen yn Súd-Aazje hawwe maatregels nommen om it gebrûk fan diclofenac yn 'e feehâlderij te beheinen of te ferbieden.
De ynternasjonale natuerbeskermingsorganisaasje IUCN tinkt dat der in risiko bestiet dat de soarte yn 'e takomst yn oantallen ôfnimme sil en kategorisearret de fûgel dêrom as hast bedrige (NT). De wrâldpopulaasje wurdt ynearsten rûsd tusken de folwoeksen 66.000 en 334.000 fûgels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Gier
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tailân
