Springe nei ynhâld

Sniedo

Ut Wikipedy
Sniedo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaihôfdowen (Columba)
soarte
Columba leuconota
Vigors, 1831
IUCN-status: net bedrige

De sniedo (Columba leuconota) is in fûgel yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan dowen (Columbidae).

Sniedowen binne 31 oant 34 sm lange dowen mei in karakteristyk uterlik. De kop is griis oant swarteftich en stiet yn sterk kontrast mei de wite kraach en ûnderkant. Op 'e búk giet it wyt oer yn in jiskegrize kleur. De rêch is brúngriis mei in wyt plak op it ûnderste part, wylst de wjukken ljochter griis binne mei trije brune bannen. De swarte sturt hat yn 'e midden in brede wite bân dy't smeller wurdt en nei de sturthoeken bûget. Jonge fûgels ha smelle bêzje punten op 'e boppefearren en in bêzje tint oan 'e ûnderkant.

De soarte is te ferdielen yn twa ûndersoarten:

  • Columba leuconota leuconota: Himalaya.
  • Columba leuconota gradaria: fan eastlik Tibet oant súdeastlik Sina en noardlik Birma.
Sniedo yn Pakistan.

De fûgels komme yn rotseftich berchgebiet foar en yn dellings fan 3000 m hichte oant de sniegrins op 5000 m hichte. Oerdeis foerazjeare se op oangrinzgjende fjilden, mar nachts sliepe se op kliffen. De fûgel is relatyf skou en wach. Winterdeis wurde se yn groepen fan 150 of mear fûgels sjoen, fakentiden mei klippedowen of yn guon gebieten rotsdowen.

Sniedowen briede yn koloanjes en meitsje sleauwe nêsten fan wat tûkjes, gers en fearren yn rotsspjalten en op richels of yn grotten. Alle jierren komme se foar it brieden op itselde plak werom. In lechsel bestiet ornaris út twa aaien. De fûgel yt beien, nôt, knoppen, rapen, sied en spruten.

Sniedowen ha in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en in grutte, stabile populaasje. Der binne gjin earnstige bedrigingen foar de soarte. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige (LC, 2024) beskôge. In rûzing fan de populaasje ûntbrekt, mar de soarte wurdt as algemien omskreaun.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: