Springe nei ynhâld

Snareseilannen

Ut Wikipedy
Snareseilannen
geografy
lân Nij-Seelân
algemien
ynwennertalûnbewenne
sifers
oerflak± 3,4 km²
heechste punt130 m
webside
Dep. of Conservation
kaart
Snareseilannen (Oseaanje)
Snareseilannen

De Snareseilannen, of koartwei de Snares, binne in groep fan eilannen súdlik fan it Sudereilân Nij-Seelân op likernôch 200 km bûten de kust. De eilannen besteane út North East Island, Broughton Island en de Western Chain. De Snareseilannen ha byinoar in oerflak fan 3,5 km².

De eilannen binne op 23 novimber 1791 op syn Vancouver Expedition ûnder lieding fan kaptein George Vancouver ûntdutsen, mar wienen al bekend by de Maoary, dy't de eilannen Tini Heke en it grutste eilân Te Taniwha neamden, itjinge it seemûnster betsjut.

Oars as oare subantarktyske eilannen hienen de Snareseilannen net mei walfiskfarders, jacht op seehûnen en grutte minsklike feroarings te meitsjen. Ek ha minsken nea grutte bisten lykas fee op de eilannen yntrodusearre.

Op 'e eilannen libje in oantal endemyske fûgels, lykas de Snarestúfpinguïn (Eudyptes robustus) en de Snaressnip (Coenocorypha aucklandica heugli), mar ek endemyske wringeleazen. North East Island hat in soad bosk en is ien fan 'e meast belangrike briedplakken fan 'e skiere mok (Puffinus griseus). Yn 'e briedtiid, dy't tusken novimber en april leit, binne der likernôch 3 miljoen eksimplaren op 'e eilannen te finen.

Fan 'e sûchdieren komme Nijseelânske seebearen (Arctocephalus forsteri) foar. Ek bringe út en troch Nijseelânske seeliuwen (Phocarctos hookeri) in besite oan 'e eilannen

De eilannen wurde goed beskerme en tagong is reglemintearre. It gebiet is ien fan 'e fiif Nijseelânske subantarktyske eilannegroepen, dy't sûnt 1998 ûnder it wrâlderfgoed fan UNESCO falle ûnder de namme Nijseelânske Sub-Antarktyske eilannen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Snares Islands fan Wikimedia Commons.