Sminiastate (Wommels)

Ut Wikipedy
Sminiastate yn 1720
Sminiastate yn 1873

Sminiastate wie in state op de terp fan Wommels, gemeente Littenseradiel.

De state op de terp fan Wommels is fan koart nei 1706. Doe wie Idzert fan Sminia grytman fan Hennaarderadiel wurden. Efter de state lei in bosk mei grêften der omhinne. In diel hjirfan is der noch. Nei it útstjerren fan de famylje Sminia, fererve it hûs op de famylje Eysinga, dy't fan dizze famylje ôfstamme. De state waard úteinlik yn 1872 ôfbrutsen. De soan fan jonkfrou Clara Tjallinga Aedonia van Eysinga, Willem Wiardus Hopperus Buma, waard yn 1898 boargemaster fan Hinnaarderadiel en liet yn in stik fan de tún in nij lânhûs sette. Mar acht jier bleau er boargemaster, omdat hy it net fine koe mei syn gemeente. Yn 1906 waard it hûs ôfbrutsen en wer opboud yn Haarlim ûnder de namme Oldehove. Dit hûs is yn 1969 ôfbaarnd.

Oan ôfbylden en kaarten is net te sjen oft de state omgrêfte wie. Mooglik stie der inkeld in rige beammen tusken it hûs en de dyk. Soks komt yn Fryslân net folle foar. De state wie in ienfâldich gebou mei twa legere sydfleugels. Yn it haadgebou siet in tagongspartij, mei links en rjochts derfan 3 ramen. It gebou bestie út mar ien boulaach en hie in sealdak tusken trepgevels. De twa sydfleugels wiene dekt mei skylddakken en waard de linker fleugel grif as koetshûs of stâl brûkt.

Letter is de state ferfongen troch in noch ienfâldiger hûs, dat sawat in selde opbou hâlde. Oan de efterside fan it nije hûs kaam in grutte fleugel by. Dit is bekend fan in kaart mei plattegrûn fan de state en in fraaie delslach fan de grutte hôvinge efter de state, dy't op it gemeentehûs fan Littenseradiel yn Wommels bewarre wurdt.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • nei 1706 Idzert fan Sminia
  • - 1872 famylje Eysinga
  • 1898 - 1906 Willem Wiardus Hopperus Buma

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: