Springe nei ynhâld

Smaragdstaar

Ut Wikipedy
smaragdstaar
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaiglânsstaren (Lamprotornis)
soarte
Lamprotornis iris
Oustalet, 1879
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De smaragdstaar of smaragdprotter (Lamprotornis iris, synonym: Coccycolius iris) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae).

Lamprotornis iris.

De smaragdstaar is in lytse protter mei in glânzgjende griene kroan, boppeliif, sturt en wjukken. By it ear en op 'e ûnderkant fan 'e fûgel is de kleur pears. Mantsjes en wyfkes binne gelyk. De measte taksonomen sette de fûgel mei in soad oare glânsprotters yn Lamprotornis, wylst oaren de fûgel yn it monotypysk skaai Coccycolius sette.

De fûgel komt yn it West-Afrika foar yn it leechlân en de savannes fan Ivoarkust, Guinee en Sierra Leöane. Yn Maly is de fûgel in dwaalgast.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smaragdstaren ite figen, beien, fruchten, sied, mychammels en oare lytse ynsekten. It bekerfoarmige nêst wurdt boud yn in beamholte. It mantsje en wyfke wurkje tegearre by it bouwen fan it nêst fan blêden en fuorje beide de jongen nei't se út it aai kommen binne. Wyfkes hawwe in briedplak - in plak op 'e mage sûnder fearren - dat helpt by it oerbringen fan lichemswaarmte nei har aaien.

De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list. De fûgel wurdt foar de hannel út it wyld fongen en lokaal bedrige troch mynbouaktiviteiten, mar oer it algemien binne de bedrigingen net sa slim, dat it in grutte delgong fan 'e soarte feroarsaket. In rûge rûzing fan 'e populaasje út 2014 giet fan in populaasje fan 66.000 oant 340.000 folwoeksen fûgels út.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: