Smaragdparkyt
| Smaragdparkyt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Wyfke. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Psittacula calthrapae | ||||||||||||
| Blyth, 1849 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De smaragdparkyt (Psittacula calthrapae) is in endemyske fûgelsoarte op Sry Lanka fan it skaai ealparkiten (Psittacula) út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De smaragdparkyt is in relatyf lytse soarte fan it skaai en is 29 oant 31 sm lang. De fûgel hat in grize rêch en in blauwe stút mei in foar it skaai relatyf koarte sturt. De kop is foar it grutste part griis mei om it each grien. Under de snaffel hat de fûgel in swart burd, dy't nei de nekke ta smeller wurdt en ferdwynt. De lange fearren fan 'e sturt binne blau mei in giel ein. By it mantsje is de boppeste snaffelhelte read en de ûnderste helte swart. It wyfke is doffer fan kleur en har snaffel is hielendal swart.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is endemysk op Sry Lanka en libbet yn bosk by iepen plakken. De fûgel komt ek wol yn parken foar. De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge sizze wol dat de soarte gjin ûndersoarten hat.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lykas oare fûgels fan it skaai briedt de smaragdparkyt yn beamholtes. In lechsel hat trije oant fjouwer aaien. Syn iten bestiet út fruit, sied, blommen en knoppen. Bûten de briedtiid wurdt de fûgel ek yn lytse groepkes waarnommen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der bestiet gjin rûzing oer de oantallen fan 'e soarte, mar lokaal is de fûgel algemien. Alhoewol't der fanút gien wurdt dat de fûgel fanwegen biotoopferlies yn oantal ôfnimt, stiet de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige kwalifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
