Smaragddo
| smaragddo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Chalcophaps indica | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
De smaragddo (Chalcophaps indica) is in fûgelsoarte yn it skaai smaragddowen (Chalcophaps) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De 23 oant 27 sm lange smaragddo hat heldergriene, glânzgjende wjukken, in koraalreade snaffel en in jiskegrize foarholle. De rest fan it bealchje is meast rôzebrún of kastanjebrun. Op 'e griene wjuk sit in wyt skouderplak. De ûnderbúk is griis en de sturt swarteftich. It wyfkes hat gjin grize kroan mar is dêr brún en dêr't it mantsje mear rôzebrún is, is it wyfke mear ljochtbrún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel libbet yn dielen fan Aazje yn tropysk en subtropysk bosk fan leechlannen oant berchgebieten. Se wurde faak waarnommen op 'e grûn by paden mei in soad skaad en komme ek yn parken mei in soad grien foar. De smarragddo is yntrodusearre yn Porto Riko.
Der binne seis ûndersoarten bekend:
- Chalcophaps indica indica: fan Yndia oant súdlik Sina, Maleizje, de Filipinen, de Yndonezyske en de westlike Papoea Nij-Guineeske eilannen.
- Chalcophaps indica robinsoni: Sry Lanka.
- Chalcophaps indica maxima: Andamanen.
- Chalcophaps indica augusta: Nikobaren.
- Chalcophaps indica natalis: Krysteilân.
- Chalcophaps indica minima: Numfor, Biak en Num (by noardlik Nij-Guineä).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De smaragddo hat in grut ferspriedingsgebiet en de status net bedrige (LC, 2016). Alhoewol't der wol oannommen wurdt dat de soarte yn oantal ôfnimt, is dat net sa slim dat de fûgel as bedrige klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Smaragddo
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Krysteilân
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn de Filipinen
- Lânseigen fauna yn Singapoer
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren
- Eksoat yn Porto Riko
