Sleeper hit
In sleeper hit (Ingelsk foar "slieperklap", of frijer fertaald: "slieperkaskreaker") is in term út 'e entertainmentyndustry dy't ferwiist nei in produkt (film, tillefyzjesearje, single, album, fideospultsje, ensfh.) dat it yn 't earstoan, fuort nei't it útbrocht is, net sa goed docht, mar úteinlik ûnferwachts dochs noch útgroeit ta in grut súkses. De oarsaken foar it oarspronklike gebrek oan súkses ferskille. It kin wêze dat sa'n produkt gjin of mar kwealk budget foar marketing hat of dat de release bedoarn wurdt troch omstannichheden dêr't de produsinten gjin kontrôle oer hawwe, lykas in pandemy, in hjitteweach of in oanslach fan it kaliber fan 9/11. Yn 'e regel is it úteinlike súkses it resultaat fan it ûntstean fan in fandom troch mûnlinge reklame, omtinken dat deroan jûn yn 'e media of it firaal gean op it ynternet.
It ûntbrekt in sleeper hit gauris oan artysten mei stjeralluere lykas filmstjerren of muzikanten fan namme, en teffens oan in produksje-ûntwerp fan hege kwaliteit. Mar it produkt berikt syn súkses troch oare kwaliteiten, lykas in orizjinele plot of in fernijende oanpak. Ek komt it foar dat it poer giet om tafal, wannear't sa'n produkt krekt op in stuit útbrocht wurdt as de merk der klear foar is.
Foarbylden fan klassike sleeper hits op it mêd fan films binne Easy Rider (1969), Mad Max (1979) en The Blair Witch Project (1999). Dêrby gie it om lowbudgetfilms mei yndie in fernijende oanpak (Easy Rider, The Blair Witch Project) of in orizjinele plot (Mad Max). Ek grutte films dêr't gâns wat fan ferwachte wurdt, mar dy't yn 't earstoan neat klearmeitsje en pas nei ferrin fan tiid oan 'e oarspronklike ferwachting foldogge, wurde oanmurken foar sleeper hits. Men kin dan tinke oan films as Sleepless in Seattle (1993), My Best Friend's Wedding (1997) en There's Something About Mary (1998).
Foarbylden fan sleeper hits út 'e muzykyndustry binne de singles Oh, Happy Days fan Don Howard (1952), Welcome to the Jungle fan Guns N' Roses (1987), Thank You fan Dido (1998), en Poker Face fan Lady Gaga (2008). Foarbylden fan fideospultsjes dy't sleeper hits wiene, binne Pokémon Red and Blue (1998), SteamWorld Dig (2013) en Among Us (2018).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |