Springe nei ynhâld

Slange-earn

Ut Wikipedy
slange-earn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôffûgels (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaislange-earnen (Circaetus)
soarte
Circaetus gallicus
Gmelin, 1788
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel

     trekfûgel
     wintergast


De slange-earn (Circaetus gallicus) is ien fan 'e seis soarten yn it skaai slange-earnen (Circaetus) út 'e famylje haukfûgels (Accipitridae).

De slange-earn wurdt 62 oant 69 sm lang en hat in spanwiidte fan 1,62 oant 1,78 m. De fûgel hat in ûle-eftige kop mei grutte giele eagen. Se binne te werkennen oan 'e ljochte kleur ûnder de wjukken, ûnderbrutsen troch griisbrune bannen. De boppedielen binne griisbrún. It kin, de kiel en it boppeboarst binne bleek ierdebrún. De sturt hat trije of fjouwer bannen.

De slange-earn is de iennige soarte yn syn skaai dy't foarkomt yn Europa en Aazje ynstee fan Afrika besuden de Sahara. Hy briedt fan noardwestlik Afrika en súdwestlik Europa noardlik oant de Golf fan Finlân oant de Balkasjmar, noardwestlik Sina en noardlik en noardwestlik Mongoalje; súdlik oant Lyts-Aazje troch de Levant, de súdlike Kaukasus en noardlik en westlik Iran. Isolearre populaasjes wurde fûn op it Yndysk subkontinint en op 'e Lytse Sûnda-eilannen fan Lombok oant Timor. De westlike populaasjes migrearje ein septimber-oktober nei de Sahel yn Afrika en komme yn april-maaie werom. De eastlike populaasjes bliuwe yn súdlik Aazje of migrearje nei Súdeast-Aazje, guon nei de Grutte Sûnda-eilannen.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

  • C. g. gallicus (Gmelin, JF, 1788) – súdwest Europa oant Sintraal-Aazje, noardwestlik Sina en Yndia
  • C. g. sacerdotis Ng, NSR, Christidis, Olsen, Norman & Rheindt, 2017 – Lytse Sûnda-eilannen.

De fûgel wurdt hjoed-de-dei hast alle jierren yn Nederlân sjoen yn leechfeangebieten en op heidefjilden, lykas boppe it Dwingelderfjild en it Fochtelerfean. Mei't de populaasje yn Frankryk groeit, wurdt oannommen dat de fûgel yn 'e takomst ek as briedfûgel yn Nederlân foarkomt.[1]

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Slange-earn mei proai.

De proaien fan 'e fûgel bestiet meast út reptilen, benammen slangen, mar ek hagedissen. Se reitsje somtiden betiizge mei gruttere slangen en fjochtsje op 'e grûn. Ek jeie se op lytse sûchdieren oant de grutte fan in knyn, selden op fûgels en grutte ynsekten.

Oer it generaal is de fûgel tige stil. By gelegenheden jout er in ferskaat oan muzikale fluittoanen. By it brieden leit er mar ien aai. Hy kin oant 17 jier wurde.

De IUCN kategorisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2021) fanwegen syn tige grutte ferspriedingsgebiet, grutte populaasje en de oer it generaal stabile ûntwikkeling.Yn Europa wurdt it oantal briedpearen op 20.000 rûsd. De totale populaasje soe neffens in rûzing út 50.000 oant 100.000 folwoeksen fûgels bestean.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: