Slach oan de Urbikus

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kaart fan Jeropa yn 450

De slach oan de Urbikus wie op 5 oktober 456 oan de rivier de Urbikus (tsjintwurdich de Tuerto), ticht by de stêd Astorga yn eartiids Romeinske provinsje Gallaecia, it hjoeddeiske Galysje yn noardwest-Spanje. Yn de fjildslach waard in Germaanske stam, de Suëven, folslein ferslein troch in oare Germaanske stam, de Fisigoaten.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 409 hienen de Suëven in eigen ryk stifte yn Galysje. Under harren kening Rekjar, sweager fan de Fisigoatyske kening Diderik II, wienen sy út op oermastering fan it hiele Ibearysk skiereilân en foelen it oanswettende Romeinske gebiet (de Romeinske provinsje Hispania Tarraconensis) yn. Diderik frege Rechiar om dêrmei op te hâlden, mar dy luts him dêr neat fan oan.

Ut namme fan de (benei machtleaze) West-Romeinske keizer Avitus marsjearre Diderik dêrnei Spanje yn mei in grut leger fan Fisigoaten, Boergonjers en Franken, en foel de Suëven oan. Yn de fjildslach oan Urbicus moasten de Suëven belies jaan. Kening Rechiar waard letter finzen nommen by Portuscale (no Porto) en deadien.

De slach oan de Urbikus wie it begjin fan de ferovering fan Spanje troch de Fisigoaten. Nei de oerwinning waard it keninkryk fan de Suëven in fazalsteat fan har. It keninkryk fan de Suëven soe noch goed in iuw bestean, oant it 585 foarfêst oermastere waard troch de Fisigoaten en by harren ryk ynlive.

Boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]