Slûs fan Muntsjesyl

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Slûs fan Muntsjesyl
Muntsjesyl.JPG
lokaasje
Provinsje flagge fan Fryslân Fryslân
Gemeente Gjin Flagge (Bekend).PNG Noardeast-Fryslân
plak Muntsjesyl
bysûnderheden
type bouwurk Slûs en brêge
subtype spuislûs en kearslûs
boujier 1882
yngenieur Methardus
oare ynformaasje
hichte 4,6 m.
lingte 44 m.

De slûs fan Muntsjesyl is in ryksmonumint yn de Lauwers by Muntsjesyl dat de wetterôffier fan Noardeast-Fryslân regele.

Bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryslân leit leech en waard altyd al bedrige troch it wetter en hat altyd fjochtsje moatten tsjin it wetter. Om de provinsje feilich en drûch te hâlden beheart Wetterskip Fryslân hûnderten kilometers dyk en tsientallen gemalen en slûzen. Ferskillende kearen is de Lauwers ferlein en ôfsnien. De slûs by Munnikesyl waard boud yn 1882. De provinsje Fryslân kaam in jier earder mei in grut plan om yn Noardeast-Fryslân de wetterôffier te ferbetterjen. De bou fan dit grutte slûzekompleks wie dêr in ûnderdiel fan. Dat plan omfette de ferbettering fan de ôffierkanalen fanôf de Burgumer Mar oant Sâltkamp, en it ferlizzen fan de Lauwers fia in 36 meter breed streamkanaal mei in brêge en in kearslûs. It streamkanaal waard beëasten it doarp Muntsjesyl oanlein en snied de bewesten fan it doarp rinnende Lauwers ôf. Dêrtroch kaam it doarp op in eilân te lizzen. Brêge en slûs binne lânskiplik opnomd yn it profyl fan de noch oanwêzige slieperdyk.

Spuislûs en kearslûs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste taak fan Muntsjesyl wie it spuien fan wetter fanút de Fryske boezem op de Lauwerssee. Underyn de syl sitte 22 streamgatten dy ’t mei houten lûken ôfsluten wurde kinne. Boppe sitte ek 22 iepeningen, twa per trochlit, dy ’t mei plaatstielen lûken sluten wurde kinne. As it yn Noard-East Fryslân in soad reind hie waard it wetter mei help fan dizze iepeningen ôffierd nei see.

De slûs fan Muntsjesyl wie ek in kearslûs. Dat betsjut dat it slûzekompleks ûnderdiel wie fan de wetterkearing lâns de Lauwerssee. Dat is ek te sjen oan de boustyl. It kompleks is 44 meter lang en 4,6 meter heech.

Yn 1969 waard de Lauwerssee mei in daam ôfsluten en ferdwûn de iepen ferbining mei de Waad- en Noardsee. Lauwerssee waard Lauwersmar. De slûs fan Muntsjesyl fertsjintwurdiget in wichtich stikje Fryske wettersteatkundige skiednis. De slûs is noch tige geef en is sûnt 1882 amper wat oan feroare.

Boukundich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De slûs is boud neffens de boukundige prinsipes foar brêgen en slûzen fan de âlde Romeinen boarne?. Dat is te sjen oan de klassike foarmjouwing, en benammen oan de mitsele bôgen. De brêge oan de lânside is mitsele yn brune bakstien, de boarstwarring en bearen yn giele stien. Foar de bopperânen fan de boarstwarring, de streampylders en de treppen nei de kearmuorre is natuerstien brûkt. Op de kearmuorre stiet in fernijde izeren leuning. De fjouwer meter brede brêge oan de lânside is mitsele yn alve bôgeferwulften dy’t op streampylders rêste.[1][2] De treppen oan beide úteinen fan de kearmuorre jouwe tagong ta de boppeside. Yn de midden fan de kearmuorre oan de brêgeside sitte twa tinkstiennen fan natuerstien. Op de ûnderste stiet yn swarte letters PROVINCIE FRIESLAND 1882 en de boppeste, lytsere DOOR DE PROVINCIE GERESTAUREERD IN 1985. Untwerper is mooglik yngenieur Methardus, de útfiering waard dien troch de firma L. Kalis út Sliedrecht en barde yn 1882 ûnder tafersjoch fan Provinsjale Wettersteat.

Restauraasje en monumint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1985 waard troch de provinsje in restauraasje dien mei behâld fan it oanwêzige orizjinele materiaal. Oan de binnenkant waard oan de hege side beton oanbrocht, wêrnei’t it mitselwurk mei de orizjinele stiennen dien waard. It ryddek fan de brêge wie oarspronklik belein mei bernekopkes, mar wie al fier foar de restauraasje ferfongen troch in betonplaat. De eardere doarpsbebouwing oan de westkant fan de slûs en brêge is ferdwûn.

Yn 1999 is de slûs Muntsjesyl oanwiisd as ryksmonumint. De slûs is eigendom fan de stifting Wetterskipserfgoed. Dy stifting set har yn foar it behâld fan weardefolle âlde gemalen, slûzen en mûnen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: