Skywalker Ranch

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Skywalker Ranch
It haadgebou fan 'e Skywalker Ranch.
It haadgebou fan 'e Skywalker Ranch.
algemien
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Nicasio (Kalifornje)
oprjochte 1978
oprjochter George Lucas
eigener George Lucas
offisjele webside
www.skysound.com/ranch

De Skywalker Ranch is in filmranch en studiokompleks yn Nicasio, yn in ôfhandich diel fan Marin County yn Noardlik Kalifornje, by San Francisco. De ranch is eigendom fan regisseur en filmprodusint George Lucas en stiet oan Lucas Valley Road, in wei dy't ferneamd is nei in njoggentjinde-iuwske lâneigner (gjin famylje). De Skywalker Ranch is it wurkplak fan George Lucas, en is ferneamd nei Luke Skywalker, de haadpersoan út 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, dy't Lucas syn grutste súkses wie. De ranch is net tagonklik foar publyk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn septimber 1978 kocht George Lucas it earste perseel grûn yn Nicasio oan, dat doedestiden de Bulltail Ranch hiet en 700 ha besloech. Letter wreide er syn besit dêr gâns út mei oanbuorjende perselen grûn, sadat de Skywalker Ranch no in oerflak hat fan 1.900 ha. Der wurdt rûsd dat de Skywalker Ranch George Lucas yn totaal $100 miljoen koste hat. Yn 1987 waard Skywalker Sound, in difyzje fan 'e filmstudio Lucasfilm, op 'e ranch fêstige. Fan datselde jier ôf waarden Lucas syn plannen om in grutter studiokompleks op 'e Skywalker Ranch te bouwen, lykwols dwerseide troch beswierskriften fan omwenjenden, dy't bang binne foar ljochtfersmoarging en lûdsoerlêst yn 'e lanlike krite.

Beskriuwing en gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e 1.900 ha fan 'e Skywalker Ranch is mar 6,1 ha yn kultuer brocht. Dêrby giet it om it haadgebou en de bygebouwen fan 'e oarspronklike ranch, wêrûnder in skuorre mei bisten, mar ek om ferkate kantoargebouwen, soundstages, ûndergrûnske parkearkelders, in bûtendoarswimbad, in fitness-sintrum, in op in heuveltop boude stjerrewacht, in teäter (The Stag) mei sitplakken foar 300 minsken, wyngerds, en in kokentún mei in hôf (wêrfan't de grienten en it fruit yn 'e kantine fan 'e ranch brûkt wurde). Fierders is der de natuerlik lykjende Ewokmar, dat eins in keunstmjittich marke is, ferneamd nei de bûtenierdske Ewoks út 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. De Skywalker Ranch beskikt ek oer in eigen brânwachtkazerne, mei brânspuitlju dy't gauris byspringe moatte om natoerbrannen yn it deunbye Marinwâld te dwêstgjen.

De keunstmjittige Ewokmar op 'e Skywalker Ranch.

De Skywalker Ranch is benammen yn gebrûk as in sintrum foar it dwaan fan lûdsopnamen en lûdsmixing foar films, sawol wat lûdseffekten oangiet as de filmmuzyk fan 'e soundtrack. Hoewol't de ranch it wurkplak (mar net it wenplak) is fan filmmakker George Lucas, is it net it haadkertier fan syn bedriuwen. Filmstudio Lucasfilm (sûnt 2012 eigendom fan Disney), special effects-bedriuw Industrial Light & Magic en fideospultsjeprodusint Lucasfilm Games (foarhinne LucasArts) binne allegear fêstige yn it Letterman Digital Arts Center yn it Presidio fan San Francisco. Lucasfilm Games wie yn syn iere jierren wol op 'e ranch fêstige, mar no jildt dat inkeld noch foar Skywalker Sound, in difyzje fan Lucasfilm, en de George Lucas Educational Foundation.

Oare ranches fan George Lucas yn Marin County[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Big Rock Ranch is in oare besitting fan George Lucas, oan 3800 Lucas Valley Road, fuort njonken de Skywalker Ranch. De Big Rock Ranch waard tusken septimber 1996 en augustus 2002 boud om 'e marketing-, linsinsearrings-, filmdistribúsje- en online-aktiviteiten fan filmstudio Lucasfilm te húsfêstjen. Yn novimber 2004 waard lykwols oankundige dat dy (en har 250 wurknimmers) ferpleatst wurde soene nei it Letterman Digital Arts Center yn San Francisco. De ferhuzing krige yn 2005 syn beslach. Neitiid wie op 'e Big Rock Ranch teminsten tsien jier lang de animaasjedifyzje fan Lucasfilm, Lucasfilm Animation, fêstige. Yn 2018 waard de ranch ferboud ta in lúksueus resort mei 56 suites foar bedriuwsretrêtes, dat Summit at Skywalker Ranch neamd waard.

Fan 1988 ôf besocht Lucasfilm tastimming fan 'e pleatslike oerheid te krijen foar de ûntwikkeling fan in oar perseel, de Grady Ranch, op 2400 Lucas Valley Road. Neffens de resintste foarstellen hie dêr in sintrum foar digitale filmproduksje ferrize moatten mei in oerflak fan 24.499 . Nei fûleindich en taai ferset troch omwenjenden en miljeu-aktivisten liet Lucas dy plannen yn april 2012 lykwols farre en besleat er de Grady Ranch te ferkeapjen. Hy is fierders ek de eigner fan 'e McGuire Ranch (3801 Lucas Valley Road) en de Loma Alta Ranch (4001 Lucas Valley Road).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.