Skytstoel

In skytstoel is in húske boppe it wetter dêr't men jins ûntlêsting kwyt koe.
Efter de huzen stiene op it hiem strak tsjin it wetter oan, ferskate lytse húskes, fan ien meter by ien meter en net mear as twa meter fan de grûn oant it ôfrinnende dak. Minsken moasten op in planke sitte dêr't in rûn gat yn seage wie. Healwei boppe it wetter koe men dan syn of har behoeften dwaan en kaam it boadskip direkt yn it wetter telâne.
De minsken dy't it betelje koenen hiene de rêchside tichtspikere, mar it ferhaal giet dat der ferskate hokjes sûnder efterkant wiene. Dizze húskes fûn men oeral yn't lân en der kaam hieltyd mear ferset tsjin. Yn de rin fan de jierren binne alle hokjes en dêrmei de tûnen ferdwûn, mar de namme skytstuollen is bleaun.
Akkrum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omdat alle stegen yn Akkrum allegearre sawat op De Boarn as oar wetter út kamen, trof men dêr foar algemien gebrûk in húske mei in doar oan dat heal boppe it wetter hong. Hjir koe men oer in balkje jins ûntlêsting kwyt. De plastyske namme fan sa’n gefal wie in skytstoel. Der kamen tûntjes onder it gat. Sa kaam bygelyks yn Akkrum eltse wike oer de Boarn in tûntsjepream dy't de folle tûntsjes omruile foar in legen-ien. In eintsje fierderop waarden se yn in grut gat op it jiskelân (stoart) efter it bûterfabryk leechkipere en skjinmakke.
Foar skippers dy’t graach safolle mooglik silend troch Akkrum woene wienen it mar stân yn'e weis en sadwaande betitelen sy alle Akkrumers as skytstuollen. Yn it lêst fan de 19e iuw kamen de tûntsjes yn gebrûk, de skytstuollen waarden privaten of sekreten en as dy troch mear as ien húshâlding brûkt waarden, wienen it yn deftige notaris taal, 'gemene sekreten'.
It is wolris bard dat de gyk fan in skûtsje yn sa'n hokje wrame is en de persoan mei it hok en al yn de Boarn telâne kaam.
Nije skytstoel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1984 ferdwûn by it ôfbrekken fan in âld turfhok oan de Bûterwâl ek de lêste Akkrumer skytstoel. Yn 2006 is op de wâl fan de Boarn efter in hûs oan de Kanadeeske strjitte in neimakke skytstoel mei in echt tûntsje der yn delset en offisjeel yn gebrûk steld troch kabaretier Rients Gratama, dy’t destiids yn Akkrum yn it eardere postkantoar wenne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|