Skyldpodkat

In skyldpodkat of koartwei skyldpod is in kat (Felis catus) mei in pelskleur dy't syn namme tanket oan 'e likenis mei it kleurpatroan fan 'e skylden fan skyldpodden. By skyldpodkatten hat de pels twa kleuren dy't net wyt binne. It kin wêze dat hierren fan 'e beide kleuren alhiel trochinoar hinne groeie, mar it is ek mooglik dat kleuren faninoar skaat binne yn ôfsûnderlike kleurflakken. Almeast hawwe skyldpodkatten in kombinaasje fan dy beide mooglikheden, mei guon plakken dêr't de beide kleuren apart bliuwe en oare lichemsdielen dêr't se fermongen binne.
De beide kleuren fan in skyldpodkat wurde faak omskreaun as swart en read, mar it 'read' kin ek oranje, giel of krêm wêze, wylst it 'swart' ek dûnkerbrún, griis, "blau" (eins blauwich griis) of siperts wêze kin. De oantsjutting 'skyldpodkat' wurdt allinnich brûkt foar katten dy't gjin of hast gjin wite plakken hawwe. Katten mei likefolle wyt as swart en read, wurde trijekleuren neamd, of soms skyldpodtrijekleuren. De skyldpodkleurfariant komt foar by katten dy't net fan in beskaat ras binne, mar ek by de measte katterassen. Op himsels is in skyldpodkat gjin ras, mar inkeld in kleurfariant. Skyldpodkatten binne hast altyd poezen. De seldsume boarren mei in skyldpodkleur (likernôch 1 op 'e 3.000) binne hast altyd ûnfruchtber.
Yn 'e folkloare fan beskate lannen, wêrûnder Ierlân, soene skyldpodkatten harren baaskes lok bringe. Yn Japan wurde dizze katten faak as skipskatten brûkt, mei't harren lok beskermje soe tsjin skipbrek. Ut beskate ûndersiken is oan it ljocht kommen dat by skyldpodkatten de kâns heger is dat se agressyf gedrach fertoane. Ek soene se in sterker jachtynstinkt hawwe as oare katten. It bewiis dêrfoar is lykwols beheind en der bestiet gjin wittenskiplike konsensus oer. Neffens in ûndersyk út 2014 bestiet der alhiel gjin relaasje tusken de pelskleur fan in kat en syn nuetens.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
