Springe nei ynhâld

Skuttersstik

Ut Wikipedy
Rembrandt. De Nachtwacht, 1642

In skuttersstik of doelestik (fan doelen, in plak dêr't bôgesjitters oefenen) is in skildere groepsportret fan de leden fan in skuttersgilde. It sjenre waard allinnich yn'e Nederlannen beoefene yn'e 16e en 17e iuw.

It âldst bekende skuttersstik waard makke troch Dirck Jacobs. It wurk datearret út 1529 en hinget yn it Ryksmuseum Amsterdam.

It bekendste skuttersstik is fan Rembrandt van Rijn: De compagnie van kapitein Frans Banninck Cocq en luitenant Willem van Ruytenburgh maakt zich gereed om uit te marcheren. Dat skilderij, better bekend as De Nachtwacht, is te sjen yn it Ryksmuseum yn Amsterdam.

It skuttersstik is ek wol bekend as doelestik; it wurddiel "doelen" ferwiist nei it plak dêr't in skuttersfindel byinoar kaam. It wurk wie dan bestimd foar dizze romte. Fierders kin in doelestik ek in korporaasje of in groep reginten útbyldzje. Yn guon gefallen waarden de portrettearren útbylde by it iten. Yn sa'n gefal wurdt wol fan in skuttersmiel praat. Gewoanwei betelle elke ôfbeelde persoan foar syn eigen byltenis.

Oare musea mei wichtige skuttersstikkekolleksjes binne it Frans Hals Museum yn Haarlim en it Amsterdam Museum.

Dirck Jacobs Een groep schutters, it âldst bekende skuttersstik. 1529 (middenpaneel), 1552 (sydfleugels).
Cornelis Ketel (1588): De compagnie van Dirck Jacobsz Roosecrans en luitenant Pauw
Frans Hals. Stoet van officieren en onderofficieren van de St. Jorisdoelen, 1639
Cornelis van Haarlem. Banket van de officieren van de St. Jorisdoelen, 1599
Thomas de Keyser. De compagnie van kapitein Allaert Cloeck en luitenant Lucas Jacobsz. Rotgans, 1632
Bartholomeus van der Helst. Schuttersmaaltijd in de St-Jorisdoelen ter viering van de Vrede van Münster, 1648