Bleuens

Bleuens, bleuheid of ferlegenheid is de remming dy't men ûnderfynt om in oanfielde ôfstân ta eat of immen oerbrêgje te doaren. Mei 'ferlegenheid' wurdt ek faak in lege mjitte fan assertiviteit (foar jinsels opkommen) bedoeld. Ferlegenheid is net allinnich in synonym foar 'bleuens', mar hat dêrnjonken ek de betsjutting fan sjêne, yn 'e sin fan "immen yn ferlegenheid bringe". Dat is net hielendal itselde as bleuens. Skouwens of skouheid is by minsken in ektreme foarm fan bleuens. Deselde term wurdt ek faak foar bisten brûkt om oan te jaan dat de neamde bisten minsken safolle mooglik mije. By minsken wurdt de oantsjutting minskeskouwens brûkt om spesifyk in ekstreme bleuens foar oare minsken oer oan te jaan.
Neiere beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bleuens uteret him faak yn it net doaren fan dingen. Wa't bleu is, kin muoite hawwe mei it oansprekken fan oaren (fral fan ûnbekenden), of sa'nent kin muoite hawwe om him of har yn drege sitewaasjes te bejaan, lykas konfliktsitewaasjes. Dat kin derta liede dat sa'n persoan der sterk ta oerhinget om konfrontaasjes út 'e wei te gean. As der him in drege sitewaasje foardocht, kin in bleue persoan him weromlûke, sawol figuerlik, yn him- of harsels, of letterlik, troch fuort te gean of út te naaien. It kin ek wêze dat immen muoite hat om him of har yn sa'n sitewaasje op 'e 'juste' wize te uterjen (om 'e 'goede toan' te finen). Mar yn ekstreme sitewaasjes, lykas by in brân of in ûngemak, slagget it bleue minsken faak wol om alert te reägearjen om't dan harren skrutenens fan ûndergeskikt belang wurdt.
Bleuens hoecht him net nei alle aspekten fan it libben út te wreidzjen. Guon lju binne op har wurk sosjaal hiel sterk, mar yn har priveelibben folle minder. By oaren kin it wer oarsom wêze: wol sosjaal sterk yn har priveelibben, mar net op it wurk. Ek kin it wêze dat minsken hielendal gjin lêst fan bleuens hawwe, útsein yn it kontakt mei de persoan dêr't hy of sy fereale op is. Wer oaren binne wol bleu, mar witte dat te ferbergjen, soms troch har krekt hiel bretaal te hâlden en dragen. Bleuens kin him by minsken fysyk uterje yn it krijen fan in kaam, wêrby't it bloed nei it gesicht ta rint sadat dat in reade kleur kriget. Dat oaren dan in bewiis fan 'e bleuens sjen kinne, soarget faak wer foar ekstra ferlegenheid.
Bleuens hoecht net altyd negatyf te wêzen. Yn guon kultueren wurdt in ôfwachtsjende hâlding wurdearre en is oerassertiviteit krekt not done. Mar yn 'e Westerske kultuer is bleuens faak hinderlik. It kin resultearje yn weromlutsen of "robot"-eftich hâlden en dragen. By ekstreme bleuens, of minskeskouwens, kin sa'n persoan sels it etiket "asosjaal" of "kontaktsteurd" opplakt krije, of, by in ferkearde ynterpretaasje fan it hâlden en dragen, foar arrogant oansjoen wurde. Bleuens kin tsjingean dat talinten en kwaliteiten, dy't sa'n persoan wol deeglik hat, nei bûten ta komme en benut wurde kinne. It kin ek in grut, soms sels ûnoerkomber, obstakel wêze by it sykjen en krijen fan in relaasje of it finen fan in passende baan.
Feriening
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân bestiet in feriening fan en foar (ekstreem) bleue minsken, de Vereniging van Verlegen Mensen (VVM). Dy biedt kursussen oan foar kommunikative feardichheden. Ek kinne leden stipe fine byinoar.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
