Springe nei ynhâld

Skotske wylde kat

Ut Wikipedy
Skotske wylde kat
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljekateftigen (Felidae)
skaaiwylde katten (Felis)
soarteJeropeeske wylde kat
   (Felis silvestris)
ûndersoartegewoane wylde kat
   (Felis silvestris silvestris)
populaasje
status: krityk bedrige
ferspriedingsgebiet

De Skotske wylde kat is in populaasje fan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris), dy't libbet yn 'e Skotske Heechlannen. Foarhinne waard dit bist as in ûndersoarte fan 'e Jeropeeske wylde kat beskôge, mei de wittenskiplike namme Felis silvestris grampia. Sûnt 2017 wurdt op basis fan DNA-ûndersyk ornearre dat de Skotske wylde kat genetysk net genôch ôfwykt om 'e status fan ûndersoarte te rjochtfeardigjen. De fersprieding fan 'e Skotske wylde kat wie yn it ferline folle grutter. Yn it Feriene Keninkryk stiet dit bist te boek as krityk bedrige omreden fan habitatferlies, habitatfragmintearring en fral ek hybridisearring mei ferwyldere hûskatten.

De Skotske wylde kat waard foar it earst yn 1907 wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Gerrit Smith Miller jr. Dyselde seach it bist oan foar in nije soarte en joech it de wittenskiplike namme Felis grampia, nei de Grampians, in berchtme dat it súdeastlike part fan 'e Skotske Heechlannen omfettet. Yn 1912 betocht Miller him en ferlege er de Skotske wylde kat yn rang ta in ûndersoarte fan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris), mei as wittenskiplike namme Felis silvestris grampia. Doe't de Ingelske soölooch en taksonoom Reginald Innes Pocock yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren it skaai fan 'e wylde katten (Felis) tsjin it ljocht hold, beskikte er oer mear as 40 spesimina fan 'e Skotske wylde kat út 'e kolleksje fan it Britsk Museum te Londen. Hy befêstige de status fan dit bist as in ûndersoarte fan 'e Jeropeeske wylde kat.

De resultaten fan nij morfologysk en genetysk ûndersyk, dat yn 'e earste desennia fan 'e ienentweintichste iuw nei de Skotske wylde kat dien waard, wize derop dat de Skotske wylde kat tige nau besibbe is oan 'e gewoane wylde kat (Felis silvestris silvestris) fan it fêstelân fan Jeropa. De populaasje op it eilân Grut-Brittanje rekke dêre pas isolearre doe't omtrint 70005000 f.Kr. troch de opwaarming fan 'e Ierde nei de lêste iistiid de seespegel sadanich stige dat It Kanaal derûnder strûpte. De op dit mêd gesachhawwende Taakgroep oangeande Kateftigen fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) achtet it tige twifelich dat de Skotske wylde kat genôch genetysk ferskilt fan 'e gewoane wylde kat om 'e status fan ûndersoarte te rjochtfeardigjen. Dêrom wurdt de Skotske wylde kat sûnt 2017 as in geografysk isolearre populaasje fan 'e gewoane wylde kat sjoen.

In Skotske wylde kat driget en blaast.

Histoaryske fersprieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Skotske wylde kat (of faaks dat yn dizze kontekst sprutsen wurde moat fan 'e Britske wylde kat) wie fan it Ier-Holoseen ôf oanwêzich op 'e Britske Eilannen. It bist kaam oarspronklik foar op it hiele eilân Grut-Brittanje, mar it waard ferfolge troch de minske om't it as skealik ûngedierte sjoen waard, dat it op plomfee en jachtwyld foarsjoen hie.

Nei alle gedachten waarden de lêste wylde katten yn súdlike Ingelân yn 'e sechstjinde iuw al útrûge. Yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw kamen der noch lytse populaasjes foar yn Wales en yn it greefskip Noardumberlân, yn it uterste noarden fan Ingelân, mar tsjin 1880 wie dit bist yn syn fersprieding beheind ta Skotlân. Yn 1915 kaam de Skotske wylde kat inkeld noch foar yn noardlik Skotlân. Doe't nei de Earste Wrâldoarloch it tal jachtopsjenners drastysk ôfnaam, wylst der tagelyk yn 'e Skotske Heechlannen úteinset waard mei in werbeboskingsprogram, begûn it tal Skotske wylde katten wer wat oan te winnen.

Hjoeddeistige fersprieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeistige fersprieding fan 'e Skotske wylde kat is tige fersnipele. Der besteane isolearre dielpopulaasjes yn û.m. it berchtme fan 'e Cairngorms, Aberdeenshire, Ardnamurchan, de Glens fan Angus, en Black Isle (nettsjinsteande de namme gjin eilân mar in skiereilân), en teffens yn it westen fan it eilân Mull, dat diel útmakket fan 'e Binnenste Hebriden, en op twa plakken op 'e Mull fan Kintyre (in skiereilân oan 'e Skotske westkust).

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boarre fan 'e Skotske wylde kat hat trochinoar in kop-romplingte fan 57,8–63,6 sm, mei in sturtlingte fan 30,5–35,5 sm en in gewicht fan 3,8–7,3 kg. De poes is dúdlik lytser en lichter, mei in kop-romplingte fan 50,4–57,2 sm, in sturtlingte fan 28,0–34,1 sm en in gewicht fan 2,4–4,7 kg. De pels fan 'e Skotske wylde kat hat in patroan fan swarte fertikale streken oer in grize grûnkleur, dat net folle ôfwykt fan hoe't in sipertse hûskat der útsjocht. De sturt hat ferskate swarte ringen en in swarte punt. It ferskil mei in sipertse hûskat sit him yn 'e streken op 'e poaten en de wangen en de ôfwêzigens fan wite plakken (lykas in bef). Ek is de Skotske wylde kat justjes grutter en foarser boud as in hûskat, mei in robústere plasse.

In Skotske wylde kat yn it British Wildlife Centre yn Surrey.

De Skotske wylde kat libbet yn bosken, yn mear iepen lân mei klútsjes beammen en strewelleguod, en teffens by de boskrânen lâns. Hy mijt lykwols de iepen heide en iepen gerslân, sawol as kultuerlânskippen. De grutste foarkar liket út te gean nei mingd wâld. In bytsje snie winterdeis fynt de Skotske wylde kat gjin probleem, mar it moat net te gek wurde en kriten dêr't mear as 10 sm snie leit, giet er mei in bocht omhinne.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skotske wylde katten fêstigje territoaria, dy't by folwoeksenen grutter binne as by jonge bisten. Yn it Nasjonaal Park De Cairngorms waard it oerflak fan sokke territoaria rûsd op 2,4–3,8 km². Territoaria wurde ôfset mei rookflaggen troch kjitte ûnbedobbe efter te litten. Skotske wylde katten binne solitêr libjende bisten, dy't yn 'e regel it selskip fan soartgenoaten mije.

De peartiid falt foar de Skotske wylde kat by 't maityd. De poes wurdt maartsk yn 'e snuorje fan jannewaris oant maart, en nei it grutbringen fan it earste nêst jongen folget begjin juny in twadde perioade fan tyldriftigens. De boarre hat nei de pearing neat mear mei it fuortplantingsproses út te stean. De draachtiid duorret 63–68 dagen, wêrnei't op in sideplak 1–8, mar yn trochsneed 4 jongen smiten wurde. It skûlplak kin in rotsspjalt wêze, in holte yn in stienbulte, mar ek in iepen romte middenmank opgeand strewelleguod of tusken beamwoartels yn. De jongkatsjes begjinne te learen hoe't se sels jeie moatte as se 10–12 wiken âld binne en mei 14 wiken binne se folslein ôfwûn.

In folwoeksen wyfke fan in Skotske wylde kat (rj.) mei har healwoeksen jong.

As se likernôch in healjier âld binne, ferlitte jonge Skotske wylde katten harren mem om op eigen manneboet de wrâld yn te tsjen. Boarren binne mei 10 moannen geslachtsryp, en poezen mei krapoan 12 moannen. Yn finzenskip hawwe Skotske wylde katten 15 jier libbe, mar de libbensferwachting yn it wyld is folle koarter troch ferkearsûngemakken en sykten dy't ferspraat wurde troch kontakt mei ferwyldere hûskatten.

De Skotske wylde kat is in karnivoar, dy't as wichtichste proaien de wylde knyn (Oryctolagus cuniculus), de ierdmûs (Microtus agrestis), de boskmûs (Apodemus sylvaticus) en de reade wrotmûs (Clethrionomys glareolus) hat. Iten dat oerbliuwt, wurdt ferburgen foar iesiters om letter lytsman makke te wurden.

Hjoed de dei is de Skotske wylde kat yn it Feriene Keninkryk, neffens in rapport fan 'e Britske Mammal Society út 2018, krityk bedrige. Dit bist hat te lijen ûnder habitatferlies, habitatfragmintearring en (noch altyd) ferfolging as "ûngedierte", benammen om fûgels te beskermjen lykas de Skotske sniehin (Lagopus lagopus scotica), dy't wichtich binne foar de jacht. Ek hat de populaasje lêst fan besmetlike sykten dy't oerdroegen wurde troch de hûskat (Felis catus), lykas kattesykte, katteproestsykte, kattekoroana, katteherpes en katteleukemy.

Mar de grutste bedriging foar it fuortbestean fan 'e Skotske wylde kat is hybridisearring mei ferwyldere hûskatten. Want hoewol't wylde katten har benammen ophâlde yn bosken, wylst ferwyldere (en domestisearre) hûskatten almeast op 'e iepen heide en yn iepen gerslân libje, blykt der dochs gâns kontakt tusken de beide typen bisten te bestean. Undersyk hat oan it ljocht brocht dat der frijwol gjin Skotske wylde katten mear binne dy't gjin hûskat yn har stambeam hawwe. In koälysje fan dieretunen sette dêrom yn 2013 yn it ramt fan it Konservearringsaksjeplan foar de Skotske Wylde Kat yn op it fokken mei bisten dy't minder 5% hûskattegenen hiene. Sûnt 2023 wurde yn it Nasjonaal Park De Cairngorms elts jier eksimplaren dy't yn finzenskip fokt binne, útset yn it wyld. Yn 'e perioade fan 2023 oant en mei 2025 gie it dêrby om 35 yndividuën.

In spesifike, swarte krusing fan 'e Skotske wylde kat mei de hûskat is de Kellaskat.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.