Springe nei ynhâld

Skots & Skeef Festival

Ut Wikipedy
Skots & Skeef Festival
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Dronryp
holden ynterrein o/d strjitwei
   nei Frjentsjer
tiid fan it jier2e helte augustus
bysûnderheden
soarte evenemintmuzykfestival
sjenrepopmuzyk
bestean2015 – no
offisjele webside
skotsenskeeffestival.nl

It Skots en Skeef Festival (de offisjele namme is Frysktalich) is in twadeisk muzykfestival dat elts jier op in sneon en snein yn 'e twadde helte fan 'e moanne augustus organisearre wurdt yn it Fryske doarp Dronryp. De earste edysje fan it evenemint fûn plak yn 2015. It wurdt holden op in terrein oan 'e râne fan it doarp, oan 'e âlde strjitwei nei Frjentsjer, op it adres Strjitwei 1. Kaartsjes wurde foarôf ferkocht yn ferskate winkels yn Dronryp en Frjentsjer.

Op it Skots & Skeef Festival trede bands en artysten út binnen- en bûtenlân op, en ek live-discjockeys út 'e omkriten fan Dronryp. Fierders binne der ûnderskate oare aktiviteiten en is der op it terrein kar-út oan iterij oanwêzich. Yn 2018 wie de wichtichste artyst op it festival de Brabânske rapper fan Surinaamsk komôf Def Rhymz. Oare optredens waarden fersoarge troch Mark Foggo and The Skasters, De Doelleazen, De Woudrukkers, de 10,000 Volt Blues Band, CCR Tribute, de Kroegtijgers, Jimmy James, Basher en All Tha Fokk.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: