Springe nei ynhâld

Skobhûdigen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skobreptilen)
skobhûdigen
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:reptilen (Reptilia)
boppeskift:lepidosauriërs (Lepidosauria)
skift:skobhûdigen (Squamata)
Oppel, 1811

De skobhûdigen of skobreptilen (wittenskiplike namme: Squamata) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e reptilen (Reptilia). Ta dizze groep hearre de slangen en hagedissen. De skobhûdigen en in âldere sustergroep, de brêgehagediseftigen (Rhynchodephalia), foarmje tegearre it boppeskift fan 'e lepidosauriërs (Lepidosauria). Mei krapoan 12.200 ferskillende soarten binne de skobhûdigen it grutste skift fan 'e reptilen en it op ien nei grutste skift fan alle (libbene) wringedieren, nei de bearseftige fisken (Perciformes). Se ûnderskiede har fan oare reptilen troch har hûd. Dy is oerdutsen mei hoarneftige skobben dy't net elastysk binne, en dêrom moatte skobhûdigen periodyk ferfelje. Ek wurkje de kaken by skobhûdigen oars as by oare reptilen.

De skobhûdigen waarden yn 1811 as taksonomysk skift yntrodusearre troch de Dútske herpetolooch Nicolaus Michael Oppel. De wittenskiplike namme Squamata komt út it Latyn, fan squamatus, dat "mei skobben oerdutsen" betsjut. Lang waarden de hagedissen en de slangen as susterkloften beskôge, dy't tegearre by de skobhûdigen ûnderbrocht wiene. DNA-ûndersyk hat lykwols oan it ljocht brocht dat slangen (Serpentes) eins in subgroep fan 'e hagedissen binne. Dat betsjutte dat hagedissen, dy't foarhinne ûnder de wittenskiplike namme Lacertilia as in ûnderskift fan 'e skobhûdigen beskôge waarden, in parafyletyske groep foarmen, dy't taksonomysk ûnjildich wie om't dy groep sûnder de slangen net alle ôfstammelingen fan 'e lêste mienskiplike foarâlder omfettet. Hoewol't de oantsjutting 'hagedissen' sa ynboargere is dat er net útband wurde kin, wurdt dy term no inkeld noch yn ynformele sin brûkt.

In Meksikaanske graafpyton (Loxocemus bicolor).

Sibskip mei oare reptilen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skobhûdigen omfiemje de slangen en hagedissen. Slangen binne eins neat oars as hagedissen sûnder poaten, mar wurde tradisjoneel net sa neamd. Der besteane ek oare groepen poatleaze hagedissen, dy't tradisjoneel net as slangen oantsjut wurde. Binnen de klasse fan 'e reptilen (Reptilia) binne de skobhûdigen it naust besibbe oan 'e brêgehagediseftigen (Rhynchocephalia) fan Nij-Seelân. Hoewol't brêgehagedissen wol it wurdt "hagedis" yn 'e namme hawwe, en ek gâns op hagedissen lykje, binne se eins gjin hagedissen en fertsjintwurdigje se in âldere ôfspjalting fan 'e reptilen. Fan 'e oare reptileskiften binne de krokkedileftigen (Crocodilia) eins nauwer besibbe oan 'e fûgels (Aves) as oan 'e skobhûdigen, wylst de skyldpodden (Testudines) in kloft op harsels foarmje.

Skobhûdigen hawwe in kosmopolityske fersprieding, wat sizze wol dat se hast oer de hiele wrâld foarkomme. Har ferspriedingsgebiet beslacht alle kontininten útsein Antarktika, en teffens in diel fan 'e seeën (seeslangen). Behalven op Antarktika ûntbrekke se ek yn 'e Arktis en op beskate ôfhandige eilannegroepen. Wat hichte oanbelanget, komme se foar fan seenivo oant 5.000 m dêrboppe. Mei't se kâldbloedich binne, jouwe se oer it algemien de foarkar oan waarmere tropyske en subtropyske klimaten, mar troch evolúsje hawwe se har oanpast oan alle klimatologyske omstannichheden útsein de meast ekstremen.

In griene leguaan (Iguana iguana).

Lichaamlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skobhûdigen binne fan alle reptilen it meast fariabel wat de lichemsgrutte oanbelanget. Se rinne datoangeande útinoar fan 'e Jaraguadwerchgekko (Sphaerodactylus ariasae) út 'e Dominikaanske Republyk, dy't mar 16 mm lang is, oant de netpyton (Malayopython reticulatus) út Súd- en Súdeast-Aazje, mei in lingte fan 6.50 m. De útstoarne prehistoaryske mosasauriërs (Mosasauridae), dat eins akwatyske reuzehagedissen wiene, berikten lingten fan mear 14 m.

De skobhûdigen ûnderskiede har fan oare reptilen troch har hûd, dy't oerdutsen is mei hurde skobben fan keratine. Dat is deselde stof dêr't by minsken it hier en de neilen fan makke binne. It is ûnbûchsum en ûnopreksum, en dat betsjut dat de skobben net meigroeie mei de slang of hagedis. It gefolch is dat skobhûdigen om 'e safolle tiid ferfelje moatte, wêrby't de âlde, te krap wurden hûd loskomt nei't dêrûnder al in nije, yn 't earstoan mear elastyske hûd oangroeid is.

In oar opfallend skaaimerk fan skobhûdigen is dat se beweechbere fjouwerkantsbonken hawwe. Dat makket it foar harren mooglik om 'e boppekaak te bewegen yn ferhâlding ta it neurokranium, it diel fan 'e plasse dat de harsens befettet. Dit ferskynsel is yn 't bysûnder bekend fan slangen, dy't by steat binne om har bek tige wiid te iepenjen sadat se ferhâldingsgewiis oermjitte grutte proaien yn har gehiel ferswolgje kinne.

In ringslang (Natrix natrix).

Skobhûdigen binne oer it algemien karnivoaren dy't jacht meitsje op lytsere bisten. Foar gekko's (Gekkonoidea) giet it dêrby om ynsekten, wylst de gruttere wjirchslangen proaien ter grutte fan in skiep oankinne. Alle slangen binne karnivoar, en it meastepart fan 'e hagedissen ek. Net mear as 2% fan alle hagedissen (likernôch 140 soarten) is herbivoar. Dat binne foar it meastepart leguanen en har neiste sibben.

In bekende evolúsjonêre oanpassing dy't sawol foar de jacht as foar selsferdigening ynset wurdt, is giftigens. In grut diel fan 'e slangen is giftich (de saneamde gifslangen). Oant 2006 mienden herpetologen dat it Gilameunster (Heloderma suspectum) en de Meksikaanske roofhagedis (Heloderma horridum) de iennichste giftige hagedissen wiene. Mar doe die bliken dat ferskate soarten faranen, wêrûnder de grutste libbene hagedis, de Komodofaraan (Varanus komodoensis), in krêftich gif produsearje yn harren mûlklieren. It fermogen ta it produsearjen fan gif troch hagedissen liket beheind te wêzen ta de klade fan 'e gifskobhûdigen (Toxicofera), en binnen dy kloft ta de groepen dy't it naust besibbe binne oan 'e slangen, lykas de roofhagedissen (Helodermatidae) en de faranen (Varanidae).

In blynslang (Anguis fragilis) is, nettsjinsteande de namme, gjin slang, mar in poatleaze hagedis.

Foar de fuortplanting hawwe manlike skobhûdigen twa penissen, of eins in dûbele hemipenis. Analooch dêrmei hawwe de wyfkes twa klitorissen oftewol in dûbele hemiklitoris. De hemipenes binne ornaris ynwindich yn it lichem fan it manlike dier, mar komme by it krijen fan in ereksje útwindich foar it ljocht. Foar in pearing wurdt mar ien fan 'e hemipenes brûkt, en der besteane oanwizings dat mantsjes tusken pearings fan hemipenis wikselje, al is dat noch net wis.

By in protte soarten hawwe de hemipenes stikels of wjerheakjes om it mantsje by de pearing yn it wyfke te ferankerjen. Om't de hemipenes fan ynwindich yn nei útwindich út it lichem fan it mantsje bewege kinne moatte (en dêrby 'binnenstbûtenst' teard wurde), hawwe se gjin tichte buis dy't it sperma yn 'e kloäka fan it wyfke liedt (lykas de urinebuis by minsken docht), mar ynstee is der in spermagoate oan 'e bûtenkant fan 'e hemipenes, dy't by it krijen fan in ereksje troch opsettend weefsel omsletten wurdt.

De skobhûdigen binne de iennichste groep reptilen wêryn't by guon soarten fivipary (libbenbernjendheid) of ovofivipary (aailibbenbernjendheid) foarkomt, njonken soarten dy't ovipaar (aailizzend) binne, wat oars de noarm is foar reptilen. De aaien fan skobhûdigen hawwe in beweechlike, leareftige skaal. De útsûnderings dêrop, dy't aaien lizze mei in hurde, ferkalke skaal, binne de wjirmblynslangen (Dibamidae) en trije famyljes fan 'e gekko's: de echte gekko's (Gekkonidae), de blêdfingergekko's (Phyllodactylidae) en de rûnfingergekko's (Sphaerodatylidae). Guon soarten skobhûdigen, lykas de Komodofaraan (Varanus komodoensis), hawwe it fermogen om har ûngeslachtlik fuort te plantsjen troch partenogeneze.

Histoarysk waard it skift fan 'e skobhûdigen (Squamata) yndield yn trije ûnderskiften:

Dy yndieling is lykwols ûnhâldber, mei't de slangen en de wjirmhagedissen subgroepen fan 'e hagedissen binne. De hagedissen binne dêrtroch in parafyletyske groep, wat betsjut dat se as ûnderskift taksonomysk ûnjildich binne om't se as groep net alle ôfstammelingen fan 'e lêste mienskiplike foarâlder omfetsje. De tsjintwurdich gongbere yndieling folget hjirûnder:

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.