Skjirresturtmiuw
| skjirresturtmiuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Creagrus furcatus | ||||||||||||
| Neboux, 1846 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
net-briedend |
De skjirresturtmiuw (Creagrus furcatus) is in ekwatoriale fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae). It is de iennichste soarte yn it skaai Creagrus. De namme fan it skaai is ôflaat fan it Latynske Creagra en it Grykske kreourgos ("slachter"), wat ferwiist nei de heakfoarmige snaffel fan 'e soarte. De soartenamme furcatus ferwiist nei de foarkefoarmige sturt. De fûgel waard yn 1846 foar it earst beskreaun troch de Frânske natoerûndersiker Adolphe-Simon Neboux.
De fûgel bringt it grutste part fan syn libben troch mei fleanen en jagen boppe de iepen oseaan. De Galapagoseilannen binne de belangrykste briedlokaasjes, mei it grutste tal op 'e rotseftige kusten en kliffen fan 'e eilannen Genovesa, Española en Isla Wolf.
Unyk foar in seefûgel is dat de skjirresturtmiuw allinnich nachts aktyf is. Hy jaget op pylkinketfisken en lytse fisken dy't nachts nei it oerflak komme om fan plankton te iten.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It fearrekleed fan mantsjes en wyfkes is itselde. Yn 'e briedtiid hat de folwoeksen fûgel in swarte kop en in helderreade, fleizige eachring. Bûten de briedtiid is de kop wyt en de eachring swart. De fûgel hat in griis boarst, in grize mantel en swarte wjukpunten. De foaral swarte snaffel hat in opfallende wite punt.
Om nachts by it jeien sjen te kinnen binne de eagen fan 'e skjirresturtmiuw grutter as dy fan hokker oare miuw ek. Se hawwe in tapetum lucidum (in ljochtreflektearjende laach) oan 'e efterkant fan it each, dat ljocht troch it netflues werom keatst, wêrtroch't de hoemannichte ljocht foar de ljochtgefoelige sellen tanimt.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skjirresturtmiuw is unyk ûnder de miuwen meidat er allinnich nachts yt. Under lûd kriten ferlit er de koloanje as it skimeret.
De rop en it gedrach binne hiel oars as by oare miuwen; se lykje it meast op 'e lûden fan de winterkob en de swellesturtmiuw. De lûdste en meast hearde rop is in guorreljend kriten wêrby't de kop fan rjochts nei lofts beweecht. De fûgels begroetsje inoar mei in rap en lûd kwiek kwiek kwiek, wêrby't de kop en nekke foarút nei de grûn bûgd wurde.

De skjirresturtmiuw begjint te brieden as er in jier of fiif is. Pearkes bliuwe faak jierrenlang byinoar. Se briede it hiele jier troch yn mingde koloanjes op kliffen of flakke stikken grûn. It nêst is in lyts platfoarm op in klif, meastentiids minder as 10 meter boppe seenivo en boud fan lytse stikjes lava, wyt koraal en stikels fan see-ychels om tefoaren te kommen dat it aai fuortrôlet. It wyfke leit meastentiids ien spikkelich aai.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasjetrends binne net krekt bekend, mar de soarte wurdt op it stuit (2026) net as bedrige beskôge. De populaasje waard yn 2004 rûsd op likernôch 35.000 fûgels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
