Skiere miuw
| skiere miuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Leucophaeus modestus | ||||||||||||
| Tschudi, 1843 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel net-briedfûgel |
De skiere miuw (Leucophaeus modestus) is in middelgrutte miuw dy't lânseigen is yn Súd-Amearika. Ungewoan foar miuwen briedt dizze soarte yn it binnenlân yn 'e tige drûge Atacamawoastyn yn noardlik Sily, alhoewol't er as net-briedende fûgel ek oan in grut part fan 'e Pasifyske kust fan Súd-Amearika oanwêzich is.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fearrekleed fan 'e skaaien fan 'e skiere miuw binne allyk. Folwoeksen eksimplaren wurde likernôch 45 sm lang en weagje sa'n 360 oant 400 gram. De kop is yn é briedtiid wyt en bûten de briedtiid brúngriis. It lichem en de wjukken binne griis, wêrby't de rêchkant wat donkerder is as de búk. De flechtfearren binne swart en de binnenste pinnen en de sekundêre flechtfearren hawwe wite punten, dy't yn 'e flecht te sjen binne. De sturt hat in swarte bân mei in wite râne oan 'e efterkant. De poaten en de snaffel binne swart en de iris is brún. De rop is ferlykber mei dy fan 'e skattermiuw (Leucophaeus atricilla).
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiere miuw briedt yn it binnenlân yn 'e Atakamawoastyn yn noardlik Sily. Bûten de briedtiid omfiemet it ferspriedingsgebiet de kustkriten fan Kosta Rika, Kolombia, Ekwador, Perû en Sily en hy is ek waarnommen op 'e Falklâneilannen, Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen. Hy is in dwaalgast yn Panama en Floarida.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brieden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jierrenlang wie it in riedsel wêr't dizze fûgel briedt, om't der gjin kustkoloanjes fûn waarden. Yn 1945 waard ûntdutsen dat de fûgel yn 'e Atacamawoastyn briedt yn it binnenlân fan Sily. Dizze hjitte en drûge omjouwing hat mar in pear rôfdieren en is mooglik relatyf feilich foar de briedende miuwen. De lokaasje dy't foar it nêst keazen wurdt, in kûltsje yn it sân en faak tichtby rotsen, is in gebiet sûnder wetter en sa'n 35 oant 100 km ynlânsk. Sadree't de aaien útkomme, fleane de âlders om bar nei de see om iten en wetter foar harren neiteam te heljen.
De luchtfochtigens, de wyn en temperatueren wikselje deis tige sterk en de miuw moat by it brieden ferskate termo-regulearjende meganismen brûke om syn lichemstemperatuer en dy fan syn aaien en jongen binnen akseptabele grinzen te hâlden. Op it hjitst fan 'e dei stiet de âlderfûgel boppe syn nêst om te foarkommen dat de aaien of jongen tige hjit reitsje. Syn wichtichste rôfdier is de kalkoengier (Cathartes aura) en as er bedrige wurdt, ferlit de briedende âlder it nêst somtiden tydlik. As soks bart, moatte de aaien tige tichte skalen ha om tefoaren te kommen dat de aaien tefolle focht troch ferdamping ferlieze. It wetterferlies troch ferdamping by de aaien is likernôch in tredde fan dat fan 'e jiskemiuw (Larus heermanni), in oare soarte dy't yn 'e woastyn briedt.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel foerazjearret op 'e sânstrannen en modderflakten fan 'e westlike kusten fan Súd-Amearika, dêr't er mei syn snaffel yn it sedimint siket nei ynvertebraten as proai, benammen krabben. Hy yt ek fisk en wjirms en siket nei ôfeart. Somtiden folget er ek fiskersboaten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiere miuw hat in beheind briedgebiet yn it binnenlân en in beheind wintergebiet oan 'e kusten fan Ekwador, Perû en Sily. De populaasjetrend wurdt as delgeand beskôge. Lykwols is de totale populaasje grut genôch om de skiere miuw te klassifisearjen as net bedrige (Least Concern) ynstee fan him yn in mear bedrige kategory op te nimmen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Griiswite kob
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen
- Lânseigen fauna yn Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen
- Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan

