Springe nei ynhâld

Skiere glee

Ut Wikipedy
skiere glee
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôffûgels (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaiskiere gleeën (Elanus)
soarte
Elanus caeruleus
Desfontaines, 1789
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De skiere of grize glee (Elanus caeruleus) is in rôffûgel. De namme suggerearret in relaasje mei oare gleeën lykas de swarte glee, mar de grize glee foarmet mei de Australyske grize glee, de Amerikaanske grize glee en de letterglee in aparte groep yn 'e famylje fan 'e haukfûgels. De soarte komt yn Afrika en tropysk Aazje foar, mar wreidet him oer Súd-Europa út.

Skiere gleeën yn Israel.

De fûgel wurdt 31 oant 36 sm lang en hat in spanwiidte fan 71–85 sm. Dêrmei is de grize glee wat grutter as in reade wikel en lytser as de reade glee. Lykas de wikel stiet ek de grize glee faak stil yn 'e loft te bidden. De fûgel is fan boppe blaugriis en hat swarte earmdekfearren en swarte hânpinnen. De wjukken binne breder as dy fan 'e wikel. De kop en ûnderkant is wyt en om it each is in swart masker. De poaten binne giel.

De soarte komt û.o. foar yn Noard-Afrika en Afrika súdlik fan 'e Sahara en fierder yn Súd-Aazje en Súdeast-Aazje oant op 'e Filipinen. De fûgel wreidet syn ferspriedingsgebiet fanút Afrika út nei Europa en komt ek yn Spanje, Portegal en it suden fan Frankryk foar. De soarte kolonisearret ek Irak, Iran, Israel en mooglik ek Turkije.

De grize glee wurdt yn trije ûndersoarten ûnderferdield:

De grize glee is in dwaalgast yn West- en Noard-Europa. Yn Nederlân wie de grize glee oant 2015 tige seldsum mei mar acht goed dokumintearre waarnimmingen. Sûnt dat jier nimt it oantal waarnimmingen bot ta en alle jierren wurde der meardere fûgels yn Nederlân sjoen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fûgel mei proai.

De grize glee komt foar yn savannes, greide, lânbougebieten en jaget fanôf beammen, telefoanpeallen en telefoantriedden op lytse sûchdieren en reptilen.

Yn in soad gebieten is dizze soarte de meast foarkommende rôffûgel. De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2019) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: