Springe nei ynhâld

Skier dûkelmantsje

Ut Wikipedy
skier dûkelmantsje
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaidûkelmantsjes (Anarhynchus)
soarte
Anarhynchus marginatus
Vieillot, 1818
IUCN-status:

It skiere dûkelmantsje (Anarhynchus marginatus, synonym Charadrius marginatus) is in fûgeltsje yn it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) út de famylje fan 'e wilsterfûgels, dy't foarkomt yn Sub-Saharaansk Afrika en Madagaskar.

De fûgel wurdt trochstrings 18 sm en weaget 27 oant 44 gram. De soarte hat in soad fan it gewoane dûkelmantsje. De soarte hat lykwols net de donkere bân op it boarst. Efter de wite foarholle sit simmerdeis by it skiere dûkelmantjse mar in smel swart streekje en hy hat in ljochtere sânkleurige krún. Ek is de eachstreek fan it skiere dûkelmantsje minder kontrastryk as dy fan it gewoane dûkelmantsje.

Skier dûkelmantsje
Gewoane dûkelmantsje

It skiere dûkelmantsje komt foar yn Subsaharaansk Afrika en Madagaskar. Der wurde fjouwer ûndersoarten erkend mei de folgjende fersprieding:

  • Anarhynchus marginatus mechowi - komt foar yn Afrika besuden de Sahara oant noardlik Angoala, Botswana en Mozambyk.
  • Anarhynchus marginatus marginatus - komt foar fan súdlik Angoala oant de súdwestlike Kaapprovinsje.
  • Anarhynchus marginatus arenaceus - komt foar fan súdlik Mozambyk oant de súdlike Kaapprovinsje.
  • Anarhynchus marginatus tenellus - komt foar op Madagaskar.

Guon ûnderskiede ek de ûndersoarte hesperius mei in lokale fersprieding yn West-Afrika eastlik oant Nigearia en Kameroen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skiere dûkelmantsjes binne aktive fûgeltsjes, dy't tusken it rinnen troch regelmjittich stopje om proaikes te snippen. Se libje fral op iepen, sânich terrein oan kusten of ynlânsk wetter. Opfallend by it skiere dûkelmantsje is it triljen mei de poatsjes om proaien út it sân te twingen. As se steurd wurde kinne se ôfliedingsgedrach fertoane, lykas it imitearjen fan in ferwûne fûgel om rôfdieren by harren nêst fuort te lokken. It nêst is in ûndjip kûltsje yn it sân. Beide âlders briede.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de fûgel as net bedrige. Is is net bekend hoe't de populaasje him ûntwikkelet.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: