Skieding fan tsjerke en steat

Skieding fan tsjerke en steat is in filosofyske en juridyske term wêrmei't de politike distânsje oantsjut wurdt dy't yn 'e measte lannen en territoaria bestiet tusken religieuze organisaasjes en de oerheid. Dat wol sizze dat de oerheid gjin partij kiest foar in beskate religy (oftewol sekulier is) en dêrom alle steatsboargers earlik behannelje sil, likefolle hokker godstsjinst se oanhingje. Skieding fan tsjerke en steat is ien fan 'e grûnbegjinsels fan 'e demokrasy. Der wurdt sprutsen fan skieding tusken tsjerke en steat (wêrby't it wurd "tsjerke" letterlik fewiist nei in tsjerkegenoatskip), om't dit idee ûntwikkele waard yn 'e Ferljochting, doe't yn 'e Westerske wrâld inkeld it kristendom yn sokke kwestjes in rol spile. Mar tsjintwurdich wurdt deselde term ek brûkt foar oare godstsjinsten.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As filosofysk konsept en rjochtsbegjinsel kin de skieding fan tsjerke en steat weromfierd wurde op 'e Ferljochting fan 'e ein fan 'e santjinde en fan 'e achttjinde iuw, doe't ferskate grutte tinkers it opsmieten as eat dêr't ferlet fan wie om ta in rjochtfeardige behanneling fan alle boargers te kommen. De Ingelske filosoof John Locke (1632–1704) wurdt gauris as de oarspronklike betinker fan it idee oanwiisd, en it is wier dat hy it gâns útdroech yn syn wurk, mar eins wie de iere Amerikaanske kolonist en predikant Roger Williams út Rhode Island dejinge dy't it optocht. Hy rôp al yn 1644 op ta it oprjochtsjen fan "in muorre of hage fan skieding" tusken "de wyldernis fan 'e wrâld en de tún fan 'e tsjerke".
As spesifike term giet "skieding tusken tsjerke en steat" tebek op in brief út 1802 fan 'e Amerikaanske presidint Thomas Jefferson oan 'e Baptistyske Feriening fan Danbury yn Connecticut. Hy skriuwt dêryn dat it Amerikaanske folk in "muorre fan skieding tusken tsjerke en steat" boud hat, in idee dat hy "oertinkt mei de aldergrutste earbiedigens" om't er leaut "dat religy in saak is dy't útslutend tusken in minske en syn God leit, dat er oan nimmen oars ferantwurding skuldich is oangeande syn leauwe of ferearing [en] dat de legitime macht fan 'e oerheid inkeld dieden oangiet en gjin mienings".
Ferskiningsfoarmen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn eltse maatskippij wurdt de mjitte fan skieding tusken tsjerke en steat bepaald troch it karakter fan 'e juridyske struktueren dy't yn it libben roppen binne om 'e taken fan 'e oerheid út te fieren. Hoe't dy boustiennen fan 'e steat der útsjogge, hinget wer ôf fan 'e hearskjende juridyske mienings by de politisy dy't de oerheid ynrjochtsje. Der binne ferskate foarmen fan 'e skieding tusken tsjerke en steat.
It saneamde laïsisme stiet in strange skieding foar, wêrby't gearwurking tusken religieuze organisaasjes en de oerheid frijwol ûnmooglik is en wêrby't boppedat ek religieuze ideeën strang skaat wurde fan 'e oerheid. (Dat uteret him bgl. yn in ferbod foar amtners as fertsjintwurdigers fan 'e oerheid om ûnder wurktiid religieuze symboalen te dragen.) It laïsisme wurdt folge yn û.o. Frankryk, Belgje en in protte eardere Frânske koloanjes.
By it saneamde "earmlingteprinsipe" binne de oerheid en religieuze organisaasje ûnôfhinklik faninoar, mar wurkje se wol gear. Dizze foarm fan skieding tusken tsjerke en steat komt in protte foar yn 'e Angelsaksyske lannen, lykas de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Wales, Skotlân en eardere Britske koloanjes. Yn 'e praktyk (hoewol net yn juridyske sin) jildt it ek yn Ingelân. Fierders komt it foar yn bygelyks Noarwegen, Sweden en Finlân.
By akkomodasjonisme is der formeel gjin sprake fan in steatsreligy, mar dochs draacht de oerheid in beskate godstsjinst út of befoardielet de oerheid de fertsjintwurdigers fan in beskate godstsjinst boppe oaren. Soks sjocht men bygelyks yn Ruslân, dêr't de Russysk-Otterdokse Tsjerke de ynformele steatsreligy is, of yn Servje, dêr't itselde sein wurde kin fan 'e Servysk-Otterdokse Tsjerke. Yn Poalen, Litouwen, Kroaasje en beskate lannen yn Latynsk-Amearika, lykas Hondoeras, Meksiko en Sily, beklaait de Roomsk-Katolike Tsjerke sa'n selde posysje, en foar ferskillende protestantske denominaasjes jildt itselde oangeande lannen yn 'e Stille Súdsee lykas Tonga, Kiribaty en de Federearre Steaten fan Mikroneezje.
It komt ek foar dat der juridysk hielendal gjin skieding fan tsjerke en steat bestiet. Yn sokke gefallen is der sprake fan in steatsreligy, in godstsjinst dy't offisjeel de religy fan 'e oerheid is. Dat komt tsjintwurdich noch foar by in beheind tal lannen en territoaria:
- kristendom:
- anglikanisme: Ingelân, Guernsey, Jersey en Man
- eastersk-otterdoksy: Grikelân
- kalvinisme: Tûvalû
- lutheranisme: Denemark, Iislân, de Fêreu-eilannen en Grienlân
- roomsk-katolisisme: Fatikaanstêd, Kosta Rika, Lychtenstein, Malta en Monako
- sûnder neiere oantsjutting: Sambia en Samoä
- islaam:
- sjiïsme: Iraan
- soennisme: Algerije, Brûnei, de Komoaren, de Malediven, Maleizje, Mauretaanje, Saûdy-Araabje en Somaalje
- sûnder neiere oantsjutting: Afganistan, Bachrein, Bangladesj, Dzjibûty, Egypte, de Feriene Arabyske Emiraten, Irak, Jemen, Jordaanje, Katar, Koeweit, Lybje, Marokko, Omaan, Pakistan, Palestina, Somalylân, Tuneezje en de Westlike Sahara
- boedisme: Birma, Bûtan, Kambodja en Sry Lanka
- joadendom: Israel
De mjitte wêryn't de steatsreligy en de oerheid mei-inoar ferflochten binne, ferskilt. Yn guon fan 'e boppesteande lannen, benammen Westerske demokrasyen lykas Ingelân en Denemark, is it bestean fan in steatsreligy suver ûnmerkber en komt it inkeld foar it fuotljocht by beskate offisjele plechtichheden, lykas de kroaning fan in nije monarch. Yn oare lannen wurdt de steatsreligy krekt hiel dúdlik útdroegen troch de oerheid, lykas yn Saûdy-Araabje, Iraan, Maleizje en Israel.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
