Skelte Hessel Roorda fan Eysinga (1722-1790)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Skelte Hessel Roorda fan Eysinga (Raerd, 10 maaie 1722 - De Jouwer?, 8 july 1790) wie soan fan F.J.J. Heringa fan Eysinga en fan C.L. fan Heemstra. By syn doop krige hy allinnich de namme Skelte, mar naam om in famyljetestamint letter ek de oare nammen oan. Yn 1750 waard hy grytman fan Haskerlân en waard letter ek lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân.

Hy wenne op Heremastate, dêr't hy ek ferstoarn wêze sil, mar waard mei 16 kertieren by syn frou yn de tsjerke fan Raard begroeven. Boaske op De Jouwer op 22 novimber 1750 mei Catharina Johanna Vegelin fan Claerbergen (1726-1762), dochter fan Johan en fan Cecilia Ebella fan Boerum. Ut dat houlik kamen acht bern, dêr't sân fan al jong ferstoaren en allinnich Frans Julius Johan fan Eysinga yn libben bleau.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • van Sminia Nieuwe Naamlijst van Grietmannen 360; Jaarb. Ned. Adel III, 76, 78, 79; Nederl. Adelsb. 1913, 295: J.C. Overvoorde, Cat Bibl. Gem. Leiden, no. 356.