Skeakel (sylboat)
| Skeakel | |||
|---|---|---|---|
| |||
| Lingte | 4,710 m | ||
| Breedte | 1,704 m | ||
| Djipgong | 1,050 m (swurd omleech) | ||
| Gewicht | 112 kg | ||
| Bemanning | 2 | ||
| Seiloerflak | likernôch: 7,70 + 4,20 m² | ||
| Untwerp | G.J.M. Luyten en D.J. Koopmans | ||
| Jier | 1961 | ||
De Skeakel (Schakel) is yn 1961 ûntwurpen troch Buns-mjitters G.J.M. Luyten en D.J. Koopmans, op inisjatyf fan de Keninklike Nederlânske Wettersportferiening. Der wie in needsaak foar in nije sintrumboerd-klasse dy't de ferbining foarmje soe tusken in lytsere jeugdboat en de gruttere raceklassen lykas de Frijheid. It ûntwerp moast gaadlik wêze foar krús- en racesilers en geskikt foar hûsbou.
Dat is hoe't de Skeakel in V-foarmige boaiem krige en makke is fan wetterdicht multipleks. De trimmingopsjes binne ienfâldich, mar goed; in spinnaker is net tastien. Der is lykwols al in trapeze. Fan binnen is der romte genôch en jou twa folwoeksenen romte om te sliepen.
Nei it yntsjinjen fan ûntwerpen troch ferskate skipswerven, folgen de bou fan in proefsearje fan 'e nije boaten en in oantal testraces. It ûntwerp fan 'e Skeakel wie de winner. Yn twa jier tiid wiene der al 250 Schakels boud. Sûnt dy tiid hawwe der gjin grutte feroarings oan it ûntwerp west. De grutste feroaring wie yn 1994, doe't de foarm fan it roer feroare waard. Fan 2010 ôf binne der mear as 2.600 mjitsertifikaten útjûn.
De Schakel hat syn populariteit net yn it minst te tankjen oan de aktive Skeakelorganisaasje. Yn Fryslân is de boat tige populêr ûnder silers dy't de Flits ûntgroeid binne.
Letter is it ûntwerp min ofte mear replissearre yn polyester ûnder de namme Flying Arrow.
Eksterne keppelings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|