Springe nei ynhâld

Skattermiuw

Ut Wikipedy
skattermiuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaigriiswite kobben (Leucophaeus)
soarte
Leucophaeus atricilla
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     stânfûgel
     wintergast

De skattermiuw (Leucophaeus atricilla) is in middelgrutte miuwfûgel út Noard- en Súd-Amearika. Hy hat syn namme te tankjen oan syn skattereftige rop; it is in opportunistyske omnivoar en in ies-iter. De soarte briedt yn grutte koloanjes, benammen oan 'e Atlantyske kust fan Noard-Amearika, de Kariben en it noarden fan Súd-Amearika. De skattermiuw waard hiel lang yn it skaai Larus yndield oant de fûgel it hjoeddeiske plak yn it skaai Leucophaeus krige.

De skattermiuw is 36 oant 41 sm lang mei in wjukspanwiidte fan 98–110 sm en in gewicht fan 203–371 gram. It simmerkleed fan 'e folwoeksen fûgel is wyt mei in donkergrize rêch en wjukken en in swarte kop. De wjukken binne folle donkerder griis as by oare miuwen fan ferlykbere grutte en se hawwe swarte punten. De snaffel is lang en read. De swarte kap is winterdeis foar it grutste part ferdwûn.

Skattermiuwen dogge der trije jier oer om harren folwoeksen fearrekleed te krijen. Jonge fûgels fan 'e soarte binne altyd donkerder as de measte oare miuwfûgels fan itselde formaat. Fûgels yn it earste jier binne fan ûnderen grizer en hawwe in ljochtere kop as jonge lytse prêrjemiuwen en se hawwe in folslein swarte sturt. Fûgels yn it twadde jier kinne ûnderskieden wurde troch it patroan op 'e wjukken, mei mear swart op 'e grutte wjukdekfearren en bytiden noch wat swart op 'e sturt.

Ofbylden skattermiuwen

Fersprieding en habitat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel briedt oan 'e Atlantyske kust fan Noard-Amearika, yn 'e Kariben en it noarden fan Súd-Amearika. De meast noardlike populaasjes lûke winterdeis nei it suden; as dwaalgast wurdt de soarte selden yn West-Europa waarnommen.

De skattermiuw waard yn 1758 formeel beskreaun troch de Sweedske biolooch Carl Linnaeus yn 'e tsiende edysje fan syn "Systema Naturae" ûnder de binominale namme Larus atricilla. Linnaeus basearre syn beskriuwing op in eksimplaar fan 'e Bahama's, dat tusken 1729 en 1732 beskreaun en yllustrearre waard troch de Ingelske biolooch Mark Catesby yn syn wurk "The Natural History of Carolina, Florida and the Bahama Islands". De skattermiuw is no ien fan 'e fiif miuwesoarten fan 'e Nije Wrâld dy't yn it skaai Leucophaeus set waard, in skaai dat yn 1855 yntrodusearre waard troch de Dútske ornitolooch Carl Friedrich Bruch. De skaainamme Leucophaeus komt út it Aldgryksk: leukos ("wyt") en phaios ("donker"). De soartnamme atricilla kombinearret it [[Latyn]ske ater ("swart") mei it Nijlatynske cilla ("sturt"); de sturt is swart by jonge fûgels. It is lykwols mooglik dat Linnaeus eins atricapilla ("swartkop") skriuwe woe.

Lykas de measte oare leden fan it skaai Leucophaeus waard de skattermiuw lange tiid yn it skaai Larus pleatst. Hy waard ferset nei it weroplibbe skaai Leucophaeus nei oanlieding fan in molekulêr-fylogenyske stúdzje út 2005, dy't oantoande dat it opnimmen fan dizze soarte it skaai parafyletysk makke.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

OfbyldUndersoarteFersprieding
L. a. megalopterus (Bruch, 1855)eilannen foar de westlike Atlantyske kust fan it súdeasten fan Kanada, Maine oant Floarida, de Golf fan Meksiko oant Súd-Teksas, Salton Sea (Súdeast-Kalifornje), en de Golf fan Kalifornje oant Colima.
L. a. atricilla (Linnaeus, 1758)West-Ynje, eilannen foar de kust fan it Jûkatan-skiereilân, eilannen benoarden Fenezuëla, Trinidad en Tobago en oant Frânsk-Guyana.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nêst.

Skattermiuwen briede fan healwei oant ein maaie yn it noarden fan harren ferspriedingsgebiet en fan ein april yn it suden. Se briede yn koloanjes dy't ferskille yn grutte fan ien pear oant 25.000 pearkes op leechlizzende eilannen oan 'e kust. It nêst wurdt troch beide skaaien boud fan beskikbere fegetaasje. It lechsel bestiet meastentiids út trije aaien dy't troch beide âlders yn 22 oant 27 dagen útbret wurde. De pykjes bliuwe de earste fiif dagen meastal tichteby it nêst. Se wurde troch beide âlders fuorre en fersoarge. De jonge fûgels kinne fleane as se sa'n 40 dagen âld binne.

De skattermiuw hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje is grut. Oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. Dêrfandinne wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige klassifisearre op 'e Reade List.


Boarnen, noaten en/as referinsjes: