Sjonghauken
Appearance
| Sjonghauken | ||
| Melierax canorus | ||
| Taksonomy | ||
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| rangleas: | bitterfûgels (Afroaves) | |
| skift: | haukeftigen (Accipitriformes) | |
| famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
| ûnderfamylje: | hauken en sparwers (Accipitrinae) | |
| skaai: | sjonghauken (Melierax) | |
Sjonghauken (Melierax) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje haukfûgels (Accipitridae). Se komme yn Afrika besuden de Sahara foar.
It binne middelgrutte hauken mei in lange sturt, lange poaten, lange wjukken en in frij slank postuer. It fearrekleed is griis oan griisbún mei ûnder in patroan fan fine horizontale streekjes. Se jeie fanút in útsjochpost op lytse sûchdieren, reptilen, ynsekten en lytse fûgels. De fûgel makket in foar in rôffûgel ûngewoan fluitsjend, sjongerich lûd.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai wurdt yn 3 soarten ûnderferdield:
| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | Status/ Trend |
|---|---|---|---|---|
| Melierax metabates | donkere sjonghauk | Afrika besuden de Sahara, útsein súdlik Afrika en de reinwâlden | net bedrige | |
| Melierax poliopterus | eastlike sjonghauk | Eastlik Afrika | net bedrige stabyl[2] | |
| Melierax canorus | ljochte sjonghauk | Súdlik Afrika | bedrige stabyl[3] | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
