Sjoerd de Vries (byldzjend keunstner)

Ut Wikipedy
Sjoerd de Vries (byldzjend keunstner)
keunstner
Sjoerd de Vries troch Ruud van der Duin.
Sjoerd de Vries troch Ruud van der Duin.
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 9 novimber 1941
berteplak Aldehaske
stoarn 7 jannewaris 2020 (78 jier)
stjerplak Ljouwert
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
wurksum as keunstskilder, tekener, grafikus
medium Oaljeferve (op doek, karton, mes)
jierren aktyf 1956-2020
prizen Gerrit Bennerpriis 2015, foar syn hiele oeuvre
offisjele webside
RKD-profyl

Sjoerd de Vries (Aldehaske, 9 novimber 1941 - Ljouwert, 7 jannewaris 2020) wie in Frysk byldzjend keunstner.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Vries hat syn jongesjierren yn Aldehaske trochbrocht. Nei de ambachtsskoalle gie er in blauwe moandei nei keunstakademy Minerva yn Grins, mar wie dêr min yn te passen. Werom yn Aldehaske arbeide er as hûsskilder, molkkontroleur en lânarbeider om troch de tiid te kommen. Yn syn jeugd wie de Vries ek in betûft hurdrinner en reedrider. Yn de fyftiger jierren kaam De Vries yn kontakt mei de autodidaktyske skilder Boele Bregman en de naïve skilder Jentsje van der Sloot. Yn 1963 ferhuze er nei Ljouwert, dêr't er noch altyd wennet. De earste eksposysje fan syn wurk yn 1962 brocht him erkenning. Letter folgen solotentoanstellingen yn it Singer Museum yn Laren (1996) en it Gemeentemuseum De Haach (2003).[1] Yn 1964 boaske er en krige yn 1970 in dochter.

Wilens wie De Vries in stûf drinker en oanhelle mei depresjes. Nei in sikehûsopname yn 1990 waard er better en joech er de drank oer.[2] De Vries joech yn de jierren njoggentich les oan de Frije Akademy yn Ljouwert.

De Vries syn 'hannelsmerk' is de mingde technyk dy't er foar syn wurk brûkt: âld karton mei bonkelym tusken de lagen dat er ynsneit, bewurket mei in strykizer, beskildert (mei oaljeferve), op 'e nij mei it mes bewurket, ensfh.

Fan 1991 ôf hie er syn atelier yn de Muntflat op It Hearrenfean dat er wol syn 'laboratorium' neamde. De Deelen, neffens de Vries 'de ûnderkant fan de Himalaya' is ien fan syn favoarite ûnderwerpen. Fierder is er bekend fan syn (sels-)portretten. Syn wurk is ûnder oaren te sjen yn Museum Belvédère op It Oranjewâld.

Yn it ramt fan de BKR skilderde De Vries yn 1971 fanwege de gemeente Ljouwert portretten fan trije boargemasters fan nei de oarloch: mr. Adriaan Anne Marie van der Meulen (1946-1966), Wim Harmsma (1966-1967) en Johannes Brandsma (1967-1983). Dat jier ûntstie der rebûlje oer in portret dat de Vries fan âld-boargemaster Van der Meulen makke hie. Van der Meulen fûn dat it skilderij net goed like, syn earen soene te grut ôfbylde wêze. Fia de rjochter twong er in eksposysjeferbod foar it portret ôf oant tsien jier nei syn ferstjerren. Op freed 24 oktober 2003 rûn dat ultimatum ôf en waard it portret tentoansteld yn it Frysk Museum.

De Vries wie jierren oanhelle mei COPD. Hy stoar yn de âldens fan 78 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Balkster Courant
  2. De Moanne, skriuwersportretten (maaie 2014)