Sjoerd Popma

Ut Wikipedy

Sjoerd Popma wie in Skylger haadling dy’t yn 1330 in lytse kapel stifte efter syn stins besuden Aasterein.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei Sjoerd Popma wurdt foar it earst it laach neamd dat it op Skylge oant 1502 foar it sizze hie. It Popmalaach oefene op it eilân de funksje fan grytman út. Letter waarden sy ek wol de "hearen fan Skylge" neamd. De soan fan Sjoerd, Folkert Popma beneamde himsels yn 1389 yn dy funksje. Syn opfolger, Ziwaert Popma waard lykwols as grytman beneamd troch Albrecht fan Beieren.

Fan it wenstee fan de famylje Popma is noch in stinswier oer, in heuveltsje yn de greiden besuden it doarp Aasterein.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • J.P. Kok, De Stins, bastion van de Vrijstaat Terschelling, Assen-2007.