Sjimpansees
Appearance
| Sjimpansees | ||
| Sosjale gearkomste fan bonobo's yn de bistetún fan San Diego. | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
| skift: | primaten (Primates) | |
| ûnderskift: | drûchnoazigen (Haplorhini) | |
| famylje: | minskeftigen (Hominidae) | |
| ûnderfamylje: | echte minskeftigen (Homininae) | |
| tûke: | beneiminsken (Hominini) | |
| skaai | sjimpansees (Pan) | |
| Oken, 1816 | ||
It skaai sjimpansees (Pan) is in tûke fan 'e beneiminsken (Hominini), foarme troch twa libbene soarten fan minskapen.
Sjimpansees binne de neiste libbene sibben fan minsken, om't wy ús mar sa'n 4-7 miljoen jier lyn ôfspjalte hawwe. Minsken diele dêrom sawat 98-99 prosint fan ús genen mei sjimpansees. Yn 'e 20e iuw binne de sjimpansees opdield yn twa ferskillende soarten:
- De gewoane sjimpansee (Pan troglodytes).
- De bonobo (Pan paniscus), ek wol de dwerchsjimpansee neamd.
De twa soarten binne tige ferlykber, mar gedrachsmjittich binne se frij ferskillend. De bonobo is de sjimpanseesoarte dy't it meast op minsken liket.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
