Sjûang (folk)

Ut Wikipedy
Sjûang-fammen.

De Sjûang (Sineesk: Zhuang) binne in folk út it Sineeske autonome gebiet Guangsi (Guangxi). Mei sa'n 18,5 miljoen (2010) minsken foarmje de Sjûang 32.40% fan de befolking fan dit gebiet. It meastepart fan de Sjûang(om-ende-by 16,5 miljoen) wennet yn Guangsi. Dêrnjonken binne der grutte Sjûang-minderheden yn Yunnan (1,8 miljoen), Guangdong (570.000), Guizhou (52.000), Hainan (50.000), Hunan (23.000) en Hebei (20.000). Harren taal, it Sjûang, heart ta de Tai-Kadai-talen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]