Sitrusflinter
| Sitrusflinter | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Papilio demodocus | ||||||||||||
| Esper, 1798 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De sitrusflinter (Papilio demodocus) is in grutte, opfallende flinter út de famylje fan 'e paazjes (Papilionidae). Hy komt rûnom foar yn Afrika besuden de Sahara en op it eilân Madagaskar. Om't de soarte fral om 'e Kryst hinne fleant, hat de sitrusflinter yn it Ingelsk ek de namme Krystflinter (Christsmas butterfly) krige.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sitrusflinter hat in spanwiidte fan likernôch 90 oant 120 millimeter. De basiskleur fan 'e wjukken is swart, mei in patroan fan giele plakken en bannen. Op 'e efterwjukken sitte twa opfallende eachplakken: ien donkerblau eachplak oan 'e boppekant en ien readbrún plak oan 'e binnenkant fan 'e wjuk.
Oars as in soad oare paazjes hat de sitrusflinter gjin 'sturtjes' oan 'e efterwjukken. De mantsjes en wyfkes ha in soad fan inoar, al binne de wyfkes faak wat grutter.
- De rûp.
- De pop.
- Flinter yn it Krugerpark, Mpumalanga.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sitrusflinter is ien fan 'e meast foarkommende flinters yn Afrika. It ferspriedingsgebiet rint fan Etioopje oant Súd-Afrika en op 'e eilannen yn 'e Yndyske Oseaan, lykas de Seysjellen en Mauritsius. De soarte past him maklik oan en komt ek yn tunen, parken, boskrânen en op lânbougrûn foar. Benammen yn gebieten dêr't sitrusfruchten ferboud wurde, is de flinter in bekende ferskining.
Ekology en libbenssyklus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme sitrusflinter komt fan 'e foarkar fan 'e rûpen foar planten út de sitrusfamylje (Rutaceae), lykas sitroen-, sinesappel- en limoenbeammen.

It wyfke leit de lytse, gielige aaikes ien foar ien op it jonge blêd fan 'e gasthearplant. Ynearsten lykje de jonge rûpkes op fûgelstront (mimikry), wat harren beskermet tsjin rôfdieren. Letter wurde de rûpen grien mei brune en wite bannen. As se bedrige wurde, stekt de rûp in foarke-eftich orgaan út 'e kop (it osmetarium) dat in aaklike rook ferspriedt.
De ferpopping fynt plak oan in tûke, wêrby't de pop fêstsit mei in spintried. De kleur fan 'e pop kin ferskille fan grien oant brún, ôfhinklik fan 'e ûndergrûn en wurdt bepaald troch it oerflak dêr't de rûp him op ferpopt.
De folwoeksen flinters binne flugge fleaners en komme by in breed ferskaat oan blommen om nektar te drinken.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sitrusflinter wurdt troch de IUCN net as bedrige beskôge. Yn 'e lânbou kin de soarte as in pleach beskôge wurde, om't de rûpen grutte hoemannichten blêden fan jonge sitrusbeammen frette kinne. Yn tunen wurdt de flinter lykwols faak wolkom hjitten fanwegen syn grutte en moaie kleuren.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Swellesturtflinter
- Flintersoarte
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Kaapverdje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
