Sitferdieling
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
|---|
Sitferdieling is it proses wêrby't sitten yn in wetjouwende macht tawizen wurde oan entiteiten lykas politike partijen of kiesdistrikten op basis fan 'e útslaggen fan in ferkiezing.
By evenredige fertsjintwurdiging is it doel om kiezersfoarkarren sa akkuraat mooglik oer te setten yn fertsjintwurdiging. Sa kin it persintaazje stimmen dat in partij of regio krijt oerienkomme mei it persintaazje sitten. De ideaaloanspraak komt lykwols út op in getal mei sifers efter de komma. Dêrom moat der ôfrûne wurde. Der binne ferskate metoaden dy't ferskillend ôfrûnje en dêrmei ek ferskillende risseltaten opsmite kwa sitferdieling.
Wannear't in sitferdieling sawol lanlik tusken partijen as tusken regio's útfierd wurdt, wurdt der sprutsen fan in foarm fan dûbeldevenredigens. Sa brûke Skandinavyske lannen gauris lykmakkermandaten.
Metoaden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde ferskate metoaden brûkt foar de tawizing fan sitten by ferkiezings, dy't rûchwei yn twa groepen ferdield wurde kinne: in metoade dy't wurket mei grutste oerskotten en ferskate metoaden dy't wurkje op basis fan grutste gemiddelden. Fan de lêste groep binne de D'Hondt-metoade (ôfrûning op folsleine sitten) en de Sainte-Laguë-metoade (standertôfrûning) de meast brûkte metoades.
Tapassing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferkiezingsútslach neffens ferskate metoades kin berekenne wurde troch de ûndersteande stappen te folgjen. De kiesdieler kin op ferskate wizen bepaald wurde. It meast evenredige risseltaat wurdt behelle wannear't inkeld de stimmen op partijen boppe de kiesdrompel meinaam wurde.
- Berekkenje de kiesdieler troch it totale oantal (effektive) stimmen op te tellen en te dielen troch it oantal te ferdielen sitten.
- Berekkenje it evenredige oanpart fan eltse entiteit troch har stimtal te dielen troch de kiesdieler.
- Bepaal hoefolle hiele sitten der oant no ta yn totaal ferdield binne troch de oanbelangjende ôfrûnrigel ta te passen.
- By de standertôfrûning kin it wêze dat alle sitten nei dizze stap al korrekt ferdield binne.
- Soargje derfoar dat it totale oantal sitten goed útkomt troch:
- By de grutste-oerskottemetoade de restsitten ien foar ien ta te wizen op folchoarder fan de grutste oerskotten efter de komma.
- By de grutste-gemiddeldemetoade de fikitive parlemintsgrutte te feroarjen troch de kiesdieler oan te passen oan de lêste sit.
Hâld by de grutste-gemiddeldemetoade rekken mei de ôfrûnrigels by de lêste sit. Hat in partij bygelyks 10 sitten helle? Diel it oantal stimmen op dy partij dan by D'Hondt troch 10 en by Sainte Laguë troch 9,5.
Praktykfoarbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dit rekkenfoarbyld is ôflaat fan 'e risseltaten fan 'e dielsteatesferkiezings fan 2024 yn Saksen. 2.142.517 stimmen waarden útbrocht op 6 partijen om 119 sitten te ferdielen. De krekte kiesdieler, ofwol it Hare-kwotum, komt út op 18.004,34 stimmen de sit. De Sainte-Laguë-metoade waard brûkt by de eigentlike ferkiezing.
Grutste-gemiddelemetoades
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sainte-Laguë-metoade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sainte-Laguë-metoade begjint ek mei in kiesdieler fan 18.004,34 stimmen de sit. It oantal stimmen foar eltse partij wurdt dield troch dizze dieler, en it risseltaat wurdt standert ôfrûne. Yn dit foarbyld komt it totale oantal sitten op 120, ien mear as de fereaske 119. Om dit oerskot te korrizjearjen, wurdt de fiktive parlemintsgrutte oanpast. Mei in revisearre kiesdieler fan 18.105,47 wurde úteinlik de 119 sitten korrekt tawizen. De fiktive parlemintsgrutte is dan 118,34. De lêste sit giet nei de SPD wêrtroch CDU úteinlik útkomt op 41 sitten, om't se op in evenredich oanpart fan 14,38 útkomme.
| Sitten | 119 | Sainte-Laguë-metoade | |||
|---|---|---|---|---|---|
| Ofrûning | Standertôfrûning | ||||
| CDU | 749.216 | 41,61 |
42 | 41,38 |
41 |
| AfD | 719.274 | 39,95 |
40 | 39,73 |
40 |
| BSW | 277.173 | 15,39 |
15 | 15,31 |
15 |
| SPD | 172.002 | 9,55 |
10 | 9,50 |
10 |
| Grünen | 119.964 | 6,66 |
7 | 6,63 |
7 |
| Linke | 104.888 | 5,83 |
6 | 5,79 |
6 |
| Totaal | 2.142.517 | 119 | 120 | 118,34 | 119 |
| Kiesdieler | 18.004,34 | 18.105,47 | |||
D'Hondt-metoade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De D'Hondt-metoade begjint mei in kiesdieler fan 18.004,34 stimmen de sit. It oantal stimmen foar eltse partij wurdt dield troch dizze dieler, wêrby't it risseltaat efter de komma fuortfalt. It oantal sitten dat op dizze wize berekkene is, wurdt byinoar opteld. Yn dit foarbyld jout dit 115 sitten, fjouwer minder as de fereaske 119. Om dit tekoart te korrizjearjen, wurdt it parlemint fiktyf fergrutte. Mei in oanpaste kiesdieler fan 17.481,33 wurde alle 119 sitten úteinlik ferdield. De fiktive parlemintsgrutte is dan 122,56. De lêste sit giet nei Die Linke, dy't útkomt op 6,00.
| Sitten | 119 | D'Hondt-metoade | |||
|---|---|---|---|---|---|
| Ofrûning | Net | Nei ûnderen | ||||
| CDU | 749.216 | 41, |
41 | 42, |
42 |
| AfD | 719.274 | 39, |
39 | 41, |
41 |
| BSW | 277.173 | 15, |
15 | 15, |
15 |
| SPD | 172.002 | 9, |
9 | 9, |
9 |
| Grünen | 119.964 | 6, |
6 | 6, |
6 |
| Linke | 104.888 | 5, |
5 | 6, |
6 |
| Totaal | 2.142.517 | 119 | 115 | 122,56 | 119 |
| Kiesdieler | 18.004,34 | 17.481,33 | |||
It ferskil yn risseltaten kin benammen ferklearre wurde troch ferskillen yn ôfrûning. Bygelyks, D'Hondt rûnet de 6,86 sitten fan Die Grünen net ôf. Hjirtroch falt de 0,86 efter de komma fuort. Sainte-Laguë rûnet de 6,66 sitten fan Die Grünen regulier omheech ôf nei 7. As gefolch hjirfan krije de twa grutste partijen, CDU en AfD, beide in ekstra sit tawizen ûnder D'Hondt yn ferliking mei Sainte Laguë. Dit giet ten koste fan de lytsere partijen SPD en Die Grünen.
Grutste-oerskottemetoade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oantal stimmen foar eltse partij wurdt dield troch de kiesdieler fan 18.004,34, wêrby't it risseltaat net ôfrûne wurdt om't alles efter de komma fuortfalt. It oantal hiele sitten dat op dizze wize berekkene is, wurdt byinoar opteld. Yn dit foarbyld jout dit 115 hiele sitten, fjouwer minder as de fereaske 119. De restsitten wurde dêrnei takend op folchoarder fan heechste oerskotten efter de komma. Hjirtroch krije alle partijen útsein SPD en BSW in restsit tawizen en komt it totaal wer op 119 sitten.
| Sitten | 119 | Grutste-oerskottenmetoade | ||||
|---|---|---|---|---|---|---|
| Partij | Stimmen | E.O. | Hiele sitten | Oerskot | Restsitten | Totaal |
| CDU | 749.216 | 41, |
41 | 0,61 | 1 | 42 |
| AfD | 719.274 | 39, |
39 | 0,95 | 1 | 40 |
| BSW | 277.173 | 15, |
15 | 0,39 | 15 | |
| SPD | 172.002 | 9, |
9 | 0,55 | 9 | |
| Grüne | 119.964 | 6, |
6 | 0,66 | 1 | 7 |
| Linke | 104.888 | 5, |
5 | 0,83 | 1 | 6 |
| Totaal | 2.142.517 | 119 | 115 | 4 | 119 | |
| Kiesdieler | 18.004,34 | |||||
