Springe nei ynhâld

Sirikit fan Tailân

Ut Wikipedy
Sirikit fan Tailân
สิริกิติ์
aadlik persoan en/of hearsker
Sirikit (1960)
Sirikit (1960)
echte nammeMom Rajawongse Sirikit Kitiyakara
nasjonaliteit Taisk
bertedatum12 augustus 1932
berteplakBangkok
stjerdatum24 oktober 2025
stjerplakBangkok
dynastyChakri-dynasty
religyTeravada Boedisme
Keninginne fan Tailân
amtsperioade28 april 1950 - 13 oktober 2016
foargongerRambai Barni
opfolgerSuthida Tidjai

Sirikit fan Tailân, berne as Mom Rajawongse Sirikit Kitiyakara[1] (Bangkok, 12 augustus 1932 - dêre, 24 oktober 2025), wie de keninginne-mem fan Tailân. As frou fan de ferstoarne kening Bhumibol Adulyadej wie sy keninginne fan Tailân fan 1950 oant 2016.

Sirikit waard berne as dochter fan Nakkhatra Mangala, de twadde prins fan Chanthaburi II (1897-1953) en Luang Bua Kitiyakara (1909-1999), in oerpakesizzer fan kening Chulalongkorn. Sy groeide op yn Europa, omdat har heit oansteld wie as Taiske ambassadeur yn efterinoar Ingelân, Denemark en Frankryk.

Se moete Bhumibol yn Parys, doe't har heit dêr wurke as ambassadeur. Ek Bhumibol wie in oerpakesizzer fan kening Rama V. It houlik mei har achterneef fûn plak yn 1950.

Sirikit krige mei Bhumibol ien soan en trije dochters. Op 21 july 2012 waard Sirikit troffen troch in harsenblieding. Sûnt dy tiid is sy net mear yn it iepenbier sjoen. Doe't Bhumibol ferstoar op 13 oktober 2016 waard sy de keninginne-mem.

Sirikit ferstoar op 24 oktober 2025, yn 'e âldens fan 93 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mom Rajawongse is de titel fan in pakesizzer fan in kening út de Chakri-dynasty, kin ek ôfkoarte wurde ta MR
  • Wikipedy:EN