Sint-Filipslân (eilân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint Philipsland (eilân))
De lizzing fan Sint-Filipslân yn Seelân.

Sint-Filipslân (Nederlânsk: Sint-Philipsland; Siuwsk: Flupland) is in earder eilân (no in skiereilân) en in eardere gemeente yn it noardeastlike diel fan 'e Nederlânske provinsje Seelân. It gebiet hat in oerflak fan likernôch 23 km² en in befolking fan krapoan 3.100 minsken (yn 2011), wat delkomt op in befolkingstichtens fan 133,4 minsken de km². Der lizze twa doarpen, Sint-Filipslân (Sint-Philipsland) en Anna Jakobapolder (Anna Jacobapolder), en ien útbuorren, De Slûs (De Sluis). Op Sint-Filipslân wurdt noch in eigen Siuwsk dialekt sprutsen: it Filiplânsk, dat nau besibbe is oan it Toalsk.

De flagge fan 'e eardere gemeente Sint-Filipslân (no noch yn gebrûk as ûnoffisjele streekflagge).

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sint-Filipslân wurdt noch altyd foar it grutste part omjûn troch wetter. Yn it noarden wurdt it troch de Krammer skaat fan it Súdhollânske Goeree-Oerflakkee; yn it westen troch de Sipe fan Skouwen-Duvelân, yn it suden troch de Krabbebeek fan it eilân Toalen; en yn it easten troch it Slaak fan it fêstelân fan Noard-Brabân. Sûnt 1884 is Sint-Filipslân yn it easten troch de Slaakdaam ferbûn mei Noard-Brabân. Nei it suden ta waard yn 1973 in ferbining mei Toalen kreëarre yn 'e foarm fan 'e Krabbebeekdaam. Yn 1988 waard fierders de Filipsdaam oanlein, dy't Sint-Filipslân fanôf it noardeasten ferbynt mei de Grevelingedaam tusken Skouwen-Duvelân en Goeree-Oerflakkee.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste ynpoldering fan Sint-Filipslân datearret fan 1487, en waard útfierd yn opdracht fan Anna fan Boergonje, in oerwûne dochter fan 'e Boergondyske hartoch Filips de Goede. Hja liet yn 'e nije polder in tsjerke sette dy't wijd wie oan 'e hillige Filippus, om sa de namhillige fan har heit te earjen. Sadwaande kaam de polder bekend te stean ûnder de namme Sint-Filipslân. By de Sint-Feliksfloed, fan 1530, en jitris by de Alderheljenfloed fan 1532, strûpte it eilân der lykwols alhiel ûnder en rekke it ûntfolke.

Pas yn 1645 waarden de kwelders op 'e nij bedike, al lei it nije eilantsje wat súdliker as it oarspronklike Sint-Filipslân. Bykommende ynpolderings fûnen plak yn 1776, 1847, 1859, 1907 en 1935. Yn 1995 waard de gemeente Sint-Filipslân opheft en kaam it skiereilân by de gemeente Toalen te hearren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.