Springe nei ynhâld

Martinus fan Tours

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint Martinus)
Martinus fan Tours
   hillige
Sint Martinus jout in helte fan syn mantel.
Sint Martinus jout in helte fan syn mantel.
persoanlike bysûnderheden
bertedatum± 316
berteplakSavaria (hjoed-de-dei Szombathely)
stjerdatum8 novimber 397
stjerplakCandes
biskop fan Tours
amtsperioade371/372-397
hillichferklearring
hjeldei11 novimber
hillichdomSint-Martinusbasilyk, Tours
attributenharnas, dielde mantel, guozzen, swannen
patroan fanFrankryk, Utert, soldaten, earmen
Dizze side giet oer de hillige Martinus fan Tours. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sint-Marten.

Martinus fan Tours (* 316 of 336 yn it Romeinske plak Savaria, hjoed-de-dei Szombathely yn (Hongarije)- † 8 novimber 397 yn Candes (hjoed-de-dei Candes) wie yn 'e 4e iuw biskop fan Tours yn Frankryk en in wichtige grûnlizzer fan it kristendom yn Frankryk. Martinus stiet by ús ek bekend as Sint-Marten.

Martinus wie de soan fan in Romeinsk magistraat. Doe't er fyftjin wie, gong er yn it leger en kaam sa yn Galje. Doe't er achttjin jier wie waard er doopt. Syn wurkpaad yn it leger einige yn 356 en hy waard learling fan Hillarius fan Poirtier. Likernôch yn 360 waard er kluzener by Ligugé. Hy krige dêr safolle folgelingen dat dêr it earste Frânske kleaster ûntstie.

Yn 371 waard er keazen ta biskop fan Tours, mar hy wie ek hieltyd noch dwaande as mûnts en yn likernôch 375 stifte er by Tours it kleaster Marmoutier.

Yn 397 ferstoar Martinus yn Candes, dêr't er bemiddele by in konflikt tusken geastliken. Nei it him slagge wie it skeel by te lizzen waard er siik en stoar dêr. Syn lichem waard werombrocht nei Tours en dêr begroeven. Om syn grêf hinne ûntstie in plak fan ferearing en letter waard der oer it grêf in basilyk boud. De tsjerke waard yn 'e Frânske Revolúsje ferneatige, mar tjin 'e ein fan 'e 19e iuw waard dêr wer in nije Sint-Martenbasilyk boud.

Nei syn dea ûntstienen tal fan leginden oer Martinus. Neffens ien fan dy leginden fûn Martinus himsels te min doe't de ynwenners fan Tours him as biskop kieze woenen. Hy woe dat amt leaver net en dêrom soe er him ferside holden ha yn in guozzehok. De guozzen makken lykwols sa'n soad leven, dat se syn skûlplak ferrieden. Troch de guozzen waard er fûn en doe ta biskop beneamd.

Martinus waard ien fan 'e populêrste hilligen yn Europa en in grut tal plakken en tûzenen tsjerken waarden nei him ferneamd. Syn nammedei wurdt hieltyd noch fierd as Sint-Marten. Sint-Martinus is de earste yn it westerske kristendom fereare hillige, dy't net as martler stoar.

Fuort nei syn dea skreau Sulpicius Severus de Vita Martini (± 396). Neffens dy hagiografy snie Martinus as Romeinsk soldaat yn Amiens syn mantel (cappa) midstwa om sa in bidler te helpen. Dy nacht ferskynde Kristus oan him, klaaid yn in heale mantel.

Nei syn dea waard it oerbleaune stik mantel (de cappella, letterlik "lytse mantel") as in relikwy bewarre. Foar de Frankyske keningen wie dy heale mantel in hillich beskermingsobjekt fan it Ryk en it plak dêr't de mantel bewarre waard, hjitte de capella. Dat wie doe net in grutte tsjerke, mar in lytse romte, spesjaal foar dy heale mantel. Sa krige capella de betsjutting lytse tsjerke of gebedsromte. Yn ús taal waard dat kapel.