Sint John's (Antigûa en Barbûda)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sint John's
Sint John's
Sint John's
Sifers
Ynwennertal 31.000 (2005)
Oerflak 10 km²
Befolkingstichtens 3.100 / km²
Polityk
Lân Antigûa en Barbûda
Oar
Stifting 1632
Tiidsône AST (UTC-4)
Koördinaten
Antigûa en Barbûda

Saint John's is de haadstêd fan de Karibyske eilannekloft en lân Antigûa en Barbûda.

St John's is it kommersjele sintrum fan it lân en de meast wichtige haven fan it eilân Antigûa. Dêr wurdt sûker, rum en katoen útfierd.

Sûnt de komst fan de earste Britske kolonisten yn 1632 is Sint John's it administrative sintrum fan Antigûa en Barbûda. Yn it earstoan kamen de bewenners fan de nije delsetting fan Sint Kits en Nevis, fan 1663 ôf kamen sy ek út Ingelân wei dêrhinne. Yn de 18e iuw waard de stêd it haadkertier fan de op de Antillen stasjonearre Keninklike Float. Doe't Antigûa en Barbûda yn 1981 ûnôfhinklik waarden, festige it regear him ek yn Sint John's.

Sint John's hat in anglikaanske katedraal (St. John the Divine, boud yn 1683, en op'en nij boud yn de 19e iuw) en in Paleis fan Justysje út 1747. De restanten fan Fort James datearje út 1703.

It fleanfjild fan Saint John's leit 8 km noardeastlik fan de stêd en hjit V.C.Bird Airport.

Stedebân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Katedraal fan St. John's
Krikketfjild St. John's

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]