Sint Agatha
| Sint Agatha | ||
| Krúshearenkleaster | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 490 (2024)[1] | |
| Oerflak | 5,85 km² - lân 5,59 km² - wetter 0,26 km² | |
| Befolkingsticht. | 88 ynw./km² | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 51°42' N 5°54' E | |
| Kaart | ||
Sint Agatha is in plak yn 'e Noardbrabânske gemeente Lân fan Cuijk.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp is ferneamd nei Sint-Agata, de Sisyljaanske hillige oan wa't de kapel en it kleaster wijd binne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 4 septimber 1315 waard yn in dokumint in kapel fan Sint Agatha ûnder Kuycbrockele neamd. Likernôch om 1371 waard it kleaster Sint Aegten stifte. Sint Agatha hie de rol fan in selsstannich doarp dat ûnderdiel wie fan it Lân fan Cuijk. Yn 1810 waard it plak by de gemeente Cuijk foege, sadat de gemeente de namme Cuijk en Sint Agatha krige. Dy gemeente waard yn 1994 opheft, doe't de nij fúzjegemeente Cuijk ûnstie. Sûnt 1 jannewaris 2022 is dy gemeente yndield by de nij gemeente Lân fan Cuijk.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Krúshearenkleaster of kleaster Sint Aegten waard yn 1371 stifte troch |Krúshearen. Yn dat kleaster waarden in soad misjonarissen oplaat. Dat barde yn 'e saneamde Latynske skoalle. It is it noch âldst bewenne kleaster fan Nederlân.
- Op it krúspunt Kloosterlaan/Gildeweg stiet in Hillich-Hertbyld, dat de ynwenners yn 1919 oan de krúshearen skonken.
- De mûne Jan van Cuijk is in mûne dy't offisjeel yn Sint Agatha stiet, mar hjoed-de-dei troch de útwreiding fan Cuijk ynboud is.
- De Hantert is in lângoed westlik fan Sint Agatha.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sint Agatha leit oan 'e Maas. Yn 'e uterwaarden leit greide en fierder fan 'e rivier lânbougrûn. It meast westlike part fan it doarpsgebiet is Padbroek, dêr't sûnt 1970 in nijbouwyk fan Cuijk oanlein waard. Eastlik leit it lângoed De Hantert, dat net iepensteld is foar besikers.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:nl:Sint Agatha]
|
