Sint-Wulframtsjerke (Abbeville)
| Kollegiale tsjerke Sint-Wulfram
Collégiale Saint-Vulfran | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | Opper-Frankryk | |
| plak | Abbeville | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Amiens | |
| patroanhillige | Sint-Wulfram | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1488-1539 (skip) 1661-1663 (koer) | |
| boustyl | Flamboyante gotyk | |
| monumintale status | ||
| Kaart | ||
De kollegiale tsjerke Sint-Wulfram is in oan Sint-Wulfram wijde tsjerke yn Abbeville, Frankryk. It is mei de abdijtsjerke fan Saint-Riquier en de Saint-Espritkapel fan Rue ien fan 'e meast komplete Pikardyske tsjerken yn 'e styl fan 'e flamboyante gotyk.
Sûnt 1840 stiet de tsjerke op 'e list fan histoarysk monuminten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e ein fan 'e 15e iuw waard útein set mei de bou fan in kollegiale tsjerke op in stik grûn, dat doe noch sompich wie by in sydtûke fan 'e Somme. It skip ûntstie tusken 1488 en 1539 en it koer tusken 1661 en 1663. De oriïntaasje fan 'e tsjerke is foar dy tiid net lykas wenst: de gevel is net nei it westen rjochte, mar nei it noarden.

De bou fûn plak yn in tiid dat it de stêd sa goed gie, sadat de tsjerke yn 'e styl fan 'e kostbere flamboyante gotyk boud wurde koe.
It kapittel fan Sint-Wulfram woe de moaiste tsjerke fan it greefskip Ponthieu ha en dêrom socht it finansjele stipe by de kening fan Frankryk, de greve fan Ponthieu en de stêd Abbeville. Mei it westlike part waard op 7 juny 1488 útein set en yn 1502 wie dat diel hast foltôge, wêrnei't it wurk oan 'e eastlike kant begjinne koe.
Yn 1524 waard in misse fierd yn 'e twadde kapel. De tuorren wienen yn 1532 sa fier foltôge, dat de klokken ophongen wurde koene. Oant 1539 gie de bou stadichoan fierder, mar it jild rekke op en it wurk kaam stil te lizzen. Op dat stuit wienen de tuorren, de traveeën fan it skip, de sydskippen en de seis kapellen klear. Oan 'e eastlike kant waard doe in muorre boud dy't it skip en de sydskippen ôfslette. Troch de godstsjintkrigen yn Frankryk en de Spaanske ynvaazjes duorre it oant de 17e iuw dat der wer fierder boud waard.
In 1621 kige it gild fan 'e lekkenhandlers tastimming om fierder te wurkjen oan it koer, dêr't yn 1573 al de fûneminten foar lein wiene. It duorre lykwols noch oant it begjin fan it regear fan Loadewyk XIV dat it koer klear wie. Yn 1691 krigen de boppeste ramen fan 'e apsis glês-yn-leadramen.
Moderne tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje waard de tsjerke in Timpel fan 'e Rede en op 8 juny 1794 waard dêr it feest fan it Opperwêzen fierd. Yn 1840 kaam de tsjerke op 'e list te stean fan histoaryske monuminten.
Yn 1852 moast de tsjerke de doarre sluten fanwegen de minne steat. Yn 'e jierren 1860 sette in foarse restauraasje útein ûnder lieding fan 'e arsjitekt fan it bisdom, François Céleste Massenot.
Op 20 maaie 1940 waard Abbeville bombardearre troch de Dútsers. De brân dy't doe ûnstie ferneatige in grut part fan 'e stêd en de kollegiale tsjerke. It ferwulft stoarte yn en allinnich in part fan it skip, de tuorren en de gevel bleaune oerein.
It gebou waard restaurearre en un 1998 wer iepene foar de earetsjinst.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch FR:Collégiale Saint-Vulfran d'Abbeville.
|
