Sint-Willibrordustsjerke (Alphen)
| Sint-Willibrordustsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | Alfen-Chaam | |
| plak | Alphen | |
| adres | Heuvelstraat 1 | |
| koördinaten | 51°29' N 4°57' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Bisdom Breda | |
| wijd oan | Willibrord | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | H.W. en G.W.F. Valk | |
| boujier | 1955, toer: healwei 16e iuw | |
| boustyl | tradisjonalisme | |
| monumintale status | ||
| monumintnûmer | 7538 | |
| Webside | ||
| www.sint-jan-de-doper.nl | ||
| Kaart | ||
De Sint-Willibrordustsjerke is in roomsk tsjerkegebou yn Alphen yn 'e provinsje Noard-Brabân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou fan 'e toer en it koer sette om 1500 hinne útein. Yn 1542 moast de bou stillein wurde fanwegen de ynvaazje fan 'e Geldersken ûnder lieding fan Maarten fan Rossum. De toer waard nei alle gedachten yn 1559 foltôge en fertsjintwurdiget de lêste faze fan 'e Kempyske gotyk.

De tsjerke waard yn 1648 troch de protestanten oernommen, mar yn 1820 folge de weromjefte oan 'e katoliken. Om't it gebou yn ferfal rekke wie, folge in restauraasje, mar yn 1909 waard de tsjerke dochs ôfbrutsen. Allinnich de toer bleau steant. De tsjerke waard ferfongen troch in nije neogoatyske tsjerke neffens in ûntwerp fan Joseph Cuypers en Jan Stuyt. De ynwijing wie yn 1910.
Op 7 oktober 1944 stoarte by alliearde besjittings de spits fan 'e tsjerketoer yn op it skip fan 'e tsjerke. De slim skansearre tsjerke waard yn 1955 ferfongen troch in trijeskippige krústsjerke yn tradisjonalistyske styl, ûntwurpen troch de arsjitekt Hendrik Willem Valk. Yn 1966 waard de toer yn 'e orizjinele styl rekonstruearre.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e oarspronklike tsjerke bleaune it heechalter, de oan Marije en Joazef opdroegen syddalters, in grutte hingjende krusifiks, in doopfont en de kommunybanken bewarre. De brânskildere ramen yn it sydskip litte de tuorren fan 14 omlizzende tsjerken sjen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De trijelidde toer is in ryksmonumint en hat in ynsnuorre spits. Typysk foar de Kempyske gotyk binne de heakske steunbearen fan 'e toer.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
