Sint-Willibrordtsjerke (Demen)
| Sint-Willibrodtsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | Demen | |
| adres | Maasdyk 69 | |
| koördinaten | 51°48'N 5°37'E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | De Bosk | |
| patroanhillige | Willibrord | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1857-1858 | |
| boustyl | neogotyk | |
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 32378 | |
| Webside | ||
| heiligejohannesdedoper.nl | ||
| Kaart | ||
De Sint-Willibrordtsjerke is in roomsk tsjerkegebou yn it Noard-Brabânske plak Demen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke fan Demen hearde foar in hiel skoft ta de machtige troch Sint-Willibrord yn 698 stifte abdij fan Echternach. Dêrfandinne ek de kar foar Willibrord as patroanhillige. Oant yn 'e 16e iuw waard de pastoar fan Demen troch de abt fan Echternach beneamd.

De hjoeddeiske Sint-Willibrordtsjerke waard yn 'e jierren 1857-1858 neffens in ûntwerp fan Pierre Cuypers njonken de midsiuwske tsjerke boud. De toer fan 'e âlde tsjerke bleau bewarre en hat noch dielen út 'e 15e iuw. Nei de bou fan 'e nije tsjerke waard de toer restaurearre en ferhege mei noch in lidding. Dat diel wie yn minne steat en se wiene benaud dat it ynstoarte soe. De parochy woe ynearsten dat de toer frijsteand bleau, mar om 't de toer dan te ynstabyl waard is de toer yn 1890 mei de tsjerke ferbûn.
Bûten de tsjerke waard yn 1941 in Hillich-Hertbyld set as geskink foar de pastoar fan Deden en Dieden.
Sûnt 1965 is de tsjerke in ryksmonumint.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is in neogoatyske sealtsjerke fan fiif traveeën en hat in houten tonferwulft. It koer fan ien travee is fiifsidich sletten en hat mitsele krúsribferwulften. Yn 'e sydgevels binne troch steunbearen ôfwiksele spitsbôgefinsters mei glês-yn-lead. Oan 'e noardkant fan 'e tsjerke is in lyts partikulier begraafplak foar de famylje Van den Bergh, dy't holp mei de finansiering fan 'e tsjerke. De toer is foar in part 15e-iuwsk.
It ynterieur stamt fan Pierre Cuypers. Yn 'e jierren 1970 waard in grut part fan it ynterieur yn in grize kleur oerskildere en sa ek it alter en de apostelbylden oan 'e pylders. Dêrmei ferlear de tsjerke in grut part fan syn kleurrike oansjen. De staasjes fan 'e krúswei waarden by it oerskilderjen sparre.
De glês-yn-leadfinsters wurde taskreaun oan 'e glêsmakker Frans Nicolas.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tsjerke stiet in oargel fan Franciscus Cornelius Smits, dat yn 1845–1848 boud waard en út 'e midsiuwske tsjerke nei de hjoeddeiske tsjerke ferhûze. It oargel waard yn 2014 restaurearre troch Nico van Duren.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
